Operaasje Fryske Flagge: Martha Fokkema set in bêd en brochje op yn Portugal

18 sep 2020 - 11:31

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân de Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike prate wy mei Martha Guerreiro da Silva-Fokkema, dy't yn Portugal wennet.

Martha Guerreiro da Silva-Fokkema yn Silves - Foto: Martha Guerreiro da Silva-Fokkema

Martha, oarspronklik út Eastermar, wennet no yn Silves yn it suden fan Portugal. It is de âldste stêd fan wat eartiids it keninkryk Algarve wie. "It is in Moarske, histoaryske stêd, en der is in soad te sjen. Sa is der in moai Moarsk kastiel boppe yn de stêd, in protte oare âlde gebouwen en smelle, lytse strjitsjes. It is in hiel moai plakje."

Har Portugeeske man is Martha yn Nederlân tsjinkommen, mar harren dream om in bêd en brochje te begjinnen hawwe se twa jier lyn yn Portugal wiermakke. Yn de omjouwing fan Silves draait it in soad om toerisme en it hat harren altyd moai like om alles dêr te dielen mei gasten. Yn Portugal liket Martha op har plak te wêzen. "Ik mis net folle út Fryslân, mar wol de sûkerbôle!", sa seit se.

Swierrichheden

Mei corona wie de klap hurd yn de omkriten fan Silves, om't se draaie op it toerisme en dat kaam troch corona sawat stil te lizzen. It bêd en brochje fan Martha en har famylje draait lykwols noch net, om't se in protte problemen mei de bou hiene. Mei't se noch net yn bedriuw binne, hat corona dus net in soad ynfloed hân op harren situaasje. Mar dat makket net dat se it maklik hawwe.

Op it stuit rint Martha har bêd en brochje tsjin de muorren fan de Portugeeske burokrasy oan. "Se binne hiel strak, de wet is de wet." Se hopet dat it op koarte termyn oplost wurde kin, mar oant no ta falt de ûnderfining har ôfgryslik ôf. Martha tinkt foar it ein fan 2020 har bêd en brochje te iepenjen.

Martha Guerreiro da Silva-Fokkema

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 140 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(advertinsje)
(advertinsje)