GGZ-terapeut moat foarkomme fanwege ûntucht mei kliïnte

In man út Snits wurdt derfan fertocht dat er meardere kearen seks hân hat mei in kliïnte fan him. It slachtoffer wie opnaam yn de traumaferwurkingsklinyk dêr't de 52-jierrige fertochte wurke as GGZ-terapeut. De saak spile fjouwer jier lyn en hat al foar de tuchtrjochter west.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De saak wurdt op it stuit troch de strafrjochter behannele. Dy hat de saak oanhâlden, sadat de pasjinte as tsjûge heard wurde kin.
De tuchtrjochter hat sein dat de Snitser net goed hannele hat. Neffens de advokaat fan de fertochte fynt de man sels ek dat er ferkeard hannele hat, mar dat er neat strafbers dien hat. It Iepenbier Ministearje fynt fan wol en hat de man foarroppen fanwege ûntucht mei in pasjint.