Kollum: "Aldewivesimmer"

18 sep 2020 - 08:24

"Der binne fan dy dagen dat alles perfekt is en dizze wike hiene wy in pear. De atmosfear yn 'e loft is dan sa fredich en wylst de hjerst yn oantocht is, fielt it bytiden as in relaxte simmerdei yn ien as oar waarm fakânsje-oard.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It is hearlik wekker wurden mei de dize oer it lân, wittende dat it in hearlike dei wurde sil. De boeren binne warber, oaren binne noch te farren en ik fyn it moai om moarns mei de hûnen te rinnen. Of de wask bûten op de line te hingjen, de ruten te himmeljen en de earste kastanjes te finen. Underweis yn 'e auto om boadskippen is elkenien op 'en paad en mei in favoryt ferske op de radio doch ik in sjitgebedsje oft it asjebleaft oant de krystdagen sok waar bliuwe mei.

Dizze perioade wurdt gauris de Indian Summer neamd en ik frege my ôf hoe't wy hjir oan dy namme komme. Want fan al it folk dat bûten omstrúnt, sjoch ik net in soad yndianen. Wol in protte skoalbern op 'e fyts en doe't ik twa fleurige famkes foarrang joech, krige ik ik strieljende glim werom. It binne fan dy lytse dingen dy't it libben sa noflik meitsje, lykas de krêft fan de sinne.

Ik fyn it sa lekker om efkes in heal oerke yn 'e bikiny yn 'e sinne te lizzen! Mei de kat ûnder it stretchbêd en de hûn derneist fyn ik dizze tiid fan it jier eins hast noch moaier as midden yn 'e simmer. Dy moaie neisimmerdagen mei blauwe loften en blêden dy't al ferkleurje neame se yn Amearika en Kanada dus de Indian Summer, wylst it yn ús lân fan âlds de Oudewijvenzomer neamd wurdt.

De oarsprong fan de Aldewivesimmer komt út de Germaanske of Noarske mytology, ha 'k lêzen. Nei in sinneskyndei yn septimber kin it nachts wer in stik kâlder wêze. De spinreagen glinsterje moarns betiid troch de dau yn it sinneljocht en lykje sadwaande op lange sulvereftige triedden.

Yn it ferline tochten se wol dat dizze spinreagen it hier wie dat de goadinnen fan it needlot mei it kammen ferlern hiene. Dy goadinnen waarden ek wol spinnend en weevjend foarsteld wylst se de minsklike libbenstriedden spûnen. Mar it kin ek te krijen ha mei in froulike wettergeast dy't lang wyt hier hie en letter gong it ek wol oer âlde froulju dy't breidzje en fjildspinnen dy't lange triedden spinne.

Eartiids wie 'wiif' in gewoan wurd foar frou en ik fyn dizze mearke-eftige ferhalen hiel goed by dizze betsjoenende perioade passen. Ik fyn it yn alle gefallen moaier as de saneamde Schaapscheerderskou. Dat binne in pear kâlde dagen yn juny. It is dan faak fris en berûn en der kin sels noch sprake wêze fan in bytsje nachtfroast.

De skieppeskearders makken wol gebrûk fan dit koele waar om de skiep te skearen. De keale bisten waarden dan net fuortendaliks bleatsteld oan de felle sinne en foar de skearders wie it noflik wurkjen. Ik werken dizze perioade altyd wol omdat it dan efkes ferrekte kâld wêze kin neidat it earst hearlik waar wie. It hat te krijen mei de wynrjochting. Dy bringt ús earst waarme lucht út it súdeasten wei en letter komt er út it noardwesten wei, fan de kâlde see ôf.

Ik hâld fan skiep, net fan de kjeld. Ik mei ek wol oer yndianen en hoe't dy yn it libben stiene, mei harren respekt foar de natuer mar ik ha hjir noch noait ien sjoen. De âlde wiven bliuwe dus oer en wat is it dan prachtich om dy te ferlykjen mei de moaiste perioade yn it jier!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)