Oerol komt yn coronatiid dochs mei festivalwykein, digitaal en fysyk

18 sep 2020 - 07:52

De organisaasje fan Oerol komt oer ien moanne dochs noch mei in festivalwykein. It is in nije opset mei de namme: Oerol Upcoming. Njonken in digitaal te folgjen ferzje komt der ek in fysyk live-programma op Skylge sels. It giet om it wykein fan 23 oant en mei 25 oktober en it hat de titel Do I Move You.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens direkteur Siart Smit waard der nei it skrassen fan Oerol yn ferbân mei corona net lang twivele oft der noch wat organisearre wurde soe, mar wol oer de foarm. "We hebben een programma gemaakt met daarin ook een fysieke ontmoeting, want je merkt na zo'n lange tijd dat het waardevol is dat je elkaar live ontmoet."

Ferskillende rûten

It publyk wurdt meinaam oer it eilân oan de hân fan twa rûten. Dy binne foar fêste groepen fan sa'n 50 man bedoeld en rinne oer West-Skylge en fan Midden- oant East-Skylge. De rûten binne multydissiplinêr en litte wurk sjen fan in útienrinnende groep keunstners.

Maksimaal 450 minsken

Der kinne yn totaal 450 minsken meidwaan oan de fysike edysje fan Oerol. Smit: "Op het eiland natuurlijk te maken met beperkingen. Er kunnen maar 450 mensen de gelukkige zijn. Daarom hebben we ook een online programma, zodat mensen breder kunnen deelnemen." It programma is foar it grutste part binnendoar.

Yn juny wie der ek al in digitale edysje fan Oerol. Doe wiene der fiif dagen lang online foarstellingen te sjen op it 'imaginaire eiland'.

De kaartferkeap foar de edysje yn oktober set ein folgjende wike útein. Oft it wykein trochgean kin, hinget wol ôf fan de regels fan de oerheid en de gemeente, hat de organisaasje witte litten.

Direkteur Siart Smit fan Oerol

(Advertinsje)
(Advertinsje)