Demonstraasje yn Ljouwert foar evakuaasje flechtlingekamp Moria

18 sep 2020 - 07:07

Koartlyn kaam it flechtlingekamp Moria op Lesbos yn it nijs fanwege grutte brannen. Tûzenen migranten binne evakuearre. De situaasje yn it kamp is al jierren skrinend. Tefolle minsken opinoar, minne libbensomstannichheden, gjin útsjoch op ferbettering. Foar in soad minsken is Moria it symboal fan de falende oanpak fan de flechtlingekrisis troch de Europeeske Uny. Sa ek foar humanitêr helpferliener Roos Ykema fan Raard. Sy hâldt sneon in demonstraasje yn Ljouwert.

Flechtlingekamp Moria - Foto: ANP

Neffens Ykema moatte der mear flechtlingen opfongen wurde. It liket neffens har faak as is de politike wil der hjir net, wylst ek Nederlân ien fan de lannen is dy't meipraat oer de Europeeske grinsregio's.

"De stank ferjitte je nea wer"

Sels hat sy sa'n twa jier lyn njoggen moannen op it eilân Lesbos west. Op kamp Moria wurke sy as frijwilliger. Neffens Ykema wie it dêr doe al ferskriklik. "Yn ien tinte wenje faak al fjouwer húshâldingen ticht opinoar. Eltsenien moat yn de rige stean foar iten, der is gjin skoalle foar bern, der is gjin goeie medyske soarch en ek dûsen en wc's binne der net", fertelt se. "Der is in soad smoargens op Moria." Neffens Ykema ferjitte je de stank fan it kamp nea wer, as je der ea west hawwe.

Flechtlingen opnimme

Neffens de organisearjende groep achter de demonstraasje yn Ljouwert moat it Nederlânske regear syn ferantwurdlikens nimme. Nederlân wol net mear as 100 flechtlingen opnimme, en dat is fierstente min, fynt Ykema. De demonstraasje is sneontemiddei om 14.00 oere yn Ljouwert, op it Aldehoustertsjerkhôf. Der komme sprekkers, mar der sille ek muzikanten wêze.

By it protest wurdt rekken hâlden mei de coronamaatregels. De minsken moatte 1,5 meter ôfstân hâlde, dêrfoar komme der ek stippen op de grûn.

Roos Ykema oer Moria

(Advertinsje)
(Advertinsje)