MSV Prikkedam begjint crowdfundingsaksje nei twangsommen

18 sep 2020 - 06:45

Motorsportferiening Prikkedam yn Makkingea seit útein mei in crowdfundingsaksje, nei oanlieding fan it hege bedrach oan twangsommen dat de ferieining oplein krigen hat om't se neffens mjittingen oer de lûdsnoarmen hinne gean. It totale bedrach oan twangsommen is yntusken al oprûn ta 26.000 euro.

Start crosswedstriid kompetysje DMX-Noord - Foto: Ronnie Porte

"We vinden het jammer dat we door de dwangsommen zo negatief in het nieuws zijn", fertelt Margreet Prins, bestjoerslid fan Prikkedam. "We zijn heel druk bezig met het zoeken naar oplossingen en we vonden daarom dat we dit plan maar op moesten pakken."

Gjin stribbedrach

De motorsportferiening hat gjin stribbedrach foar eagen mei de crowdfundingsaksje. "We zijn gewoon van plan om te kijken wat het op gaat leveren." It is yn elts gefal net de bedoeling dat de twangsommen derfan betelle wurde. De feriening wol earst op syk nei oare oplossings.

"Zoals een adviesbureau, investeren in dure geluidsschermen en we hebben ook juridisch advies nodig. Dat kost veel geld. Zo kunnen we de oorlogskas spekken om de storm te doorstaan", leit Prins út. De feriening hat ek in djoere lûdsmjitter oanskaft, fertelt Prins, dêr't se sels mei mjitte kinne oft de motoaren op de baan foldogge oan de noarmen. "Dat is niet zomaar te betalen door een vereniging."

"Ruimte krijgen"

It lûdsoerlêstprobleem by de motorsportferiening spilet al folle langer. De earste lêst ûnder twangsom waard op 8 novimber 2016 oplein. Prins: "We moeten in gesprek blijven met de gemeente en er moeten niet nieuwe dwangsommen komen. Het kan wel goed komen, maar dan moeten we wel de ruimte krijgen om de oplossingen waar we nu mee bezig zijn uit te voeren."

Margreet Prins fan MSV Prikkedam oer de aksje

(advertinsje)
(advertinsje)