Riedsleden kritysk en wolle mear ynformaasje oer skuld Empatec

17 sep 2020 - 22:27

Riedsleden fan seis Fryske gemeenten kamen tongersdeitejûn mei in soad krityske fragen oer sosjaal wurkbedriuw Empatec. Yn juny waard bekend dat de NV Empatec in skuld opboud hat fan 8,3 miljoen. Yn de rin fan de jierren is der in foardering yn de boeken meinommen dy't hieltyd oprinne koe. In yngewikkeld ferhaal, mar wol wichtich: want der wurkje mear as tûzen minsken foar Empatec. De rieden moatte aanst beslisse wat der barre moat, foar harren wie dan ek de gearkomste.

Foto: Livestream Fryslân-West (Gemeente Waadhoeke)

Sûnt de partisipaasjewet yn 2015 ynfierd is, binne gemeenten ferantwurdlik foar de sosjale wurkfoarsjenningen. De gemeenten Waadhoeke, De Fryske Marren, Skylge, Flylân, Harns en Súdwest-Fryslân hawwe dat fia in mienskiplike regeling ûnderbrocht by Empatec. De fergoeding fan it ryk waard mei de ynfiering fan de partisipaasjewet minder en sa binne der tekoarten ûntstien. De mienskiplike regeling en de NV binne útinoar helle yn 2018. In drege kwestje, mar dêr komt it probleem wei. Nei de skulden is ûndersyk dien troch buro KokxDeVoogd.

Gjin accountant

Johan Feenstra hie as fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân benammen fragen oer de boekhâldkundige flaters dy't der makke binne. Der hat gjin rapportaazje west fan de accountant oer de foardering. Neffens wurdfierder Sietse Groustra fan de gemeente Waadhoeke komt dit troch in wikseling fan accountant. Der hat dus in skoftke net in accountant tafersjoch hâlden. Om't it in foardering neamd waard, bleau it by de accountant ûnder de radar.

Theunis de Vries fan it CDA yn Súdwest-Fryslân stipte oan dat it om in foardering gie fan mear as de helte fan it balânstotaal. Neffens him is it dreech foar te stellen dat in accountant dat nea sjoen hat. De wurdfierder fan de gemeenten wiisde dêrop nei ûndersyksresultaten dy't noch folgje moatte. Dat de konklúzjes foar rekken fan ûndersikers komme, fynt De Vries lykwols te meager.

Kontrolearjende taak as riedslid

CDA-fraksjefoarsitter Jan van Zanden fan De Fryske Marren wie teloarsteld dat der neffens him noch net in soad stikken levere binne. Hy joech oan ferlet te hawwen fan in planning, mar dy ynformaasje is der noch net. Ek in prognoaze foar de finânsjes fan de kommende jierren is der noch net. Alle belutsen gemeenterieden moat aanst beslisse oer Empatec. Mar om in oardiel út te sprekken is der wol ynformaasje nedich, hawwe meardere riedsleden oanjûn. Oars kin de kontrolearjende taak fan de ried net goed útfierd wurde.

Maatregels troffen

Neffens de gemeenten is der in finansjeel probleem, mar ek in probleem oan de bestjoerskant: der is ferlet fan stjoering. Der binne yn de tuskentiid al in tal maatregels nommen dy't foar de koarte termyn helpe mei de problemen. Sa binne der maatregels as it giet om de personiele besetting, it budzjetbehear en it oanlûken fan nije minsken.

De ambysje is dat de problemen mei Empatec foar de simmer oplost wurde, dat waard op de gearkomste oanjûn. Oant dy tiid moat Empatec it folhâlde. De kommende moannen leit it lot fan de sosjale wurkfoarsjenner yn hannen fan de ferskate gemeenterieden.

De wurdfierder fan de gemeenten sels woe net yn de media reagearje op de krityk fan de riedsleden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)