SC Cambuur stjoert Kellian van der Kaap net fergees nei Israelyske klup

Sportklup Cambuur hat tongersdei in oanbieding fan fuotbalklup FC Maccabi Netany ôfwiisd. De Israelyske klup woe ferdigener Kellian van der Kaap wol oernimme fan de Ljouwerters, mar wie lykwols net ree dêrfoar in transfersom te beteljen.
© Orange Pictures
De 21-jierrige Van der Kaap hat noch in trochrinnend kontrakt by Cambuur. Hy kaam oardel jier lyn oer fan FC Groningen en spile dêrfoar by Harkemase Boys.

"Nee met een uitroepteken"

Neffens technysk manager Foeke Booy hat Cambuur de saakwaarnimmer fan Van der Kaap "met een nee met een uitroepteken" weromstjoerd nei de Israelyske klup, dêr't Raymond Atteveld trainer is.