Noardeast-Fryslân wol besunigje op eigen organisaasje

17 sep 2020 - 19:25

Boargemaster en wethâlders fan Noardeast-Fryslân wolle ien miljoen euro besunigje op de eigen organisaasje. Dat docht bliken út de begrutting foar takom jier. Hoewol't der besunige wurde moat, bliuwt der ek romte foar ynvestearrings, seit it kolleezje fan B&W.

It gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De gemeente is noch altiten in soad jild kwyt oan soarch en wolwêzen. Dêr is al 3,5 miljoen euro op besunige. Mar omdat der mear oanfragen binne foar de WMO en de jeugdsoarch, geane de kosten omheech en moat dêr dochs wer yn snijd wurde.

Yn de begrutting wurdt rekken hâlden mei finansjele ôffallers, want de gemeente wit bygelyks noch net hoe't it komt mei de gefolgen fan de coronakrisis en it is ek noch net dúdlik hoefolle jild Noardeast-Fryslân krijt fan it ryk.

Wol ynvestearje

Noardeast-Fryslân hat in fûns fan mear as sechtjin miljoen euro troch de ferkeap fan oandielen. Dat jild kin brûkt wurde foar ûntwikkeling yn de gemeente. Dêrneist ferwachtet de gemeente ek ynvestearje te moatten yn de eigen organisaasje. Dat fanwegen de oare wize fan wurkjen dy't mei it ynfierjen fan de Omjouwingswet yn 2022 nedich wêze sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)