Start oanlis 380 kilometer glêsfezel foar bûtengebiet Waadhoeke

17 sep 2020 - 18:17

Oan it Van Harinxmakanaal by Deinum joegen wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke en direkteur Niek Geelhoed fan Kabelnoord tongersdei it startsein foar de oanlis fan glêsfezel yn it bûtengebiet fan Waadhoeke. De Pee en Geelhoed diene dat troch in grûnboarmasine op te starten dy't de kabel ûnder it kanaal trochlûke sil.

Wethâlder Caroline de Pee fan Waadhoeke op de boarmasine - Foto: Omrop Fryslân

It doel is om de kommende moannen mei-inoar sa'n 380 kilometer glêsfezel oan te lizzen. Neffens wethâlder De Pee sitte in soad minsken yn it bûtengebiet hjir echt op te wachtsjen. "We hawwe hjoed-de-dei soarch online en ûnderwiis online, it is wichtich dat ek minsken yn it bûtengebiet dêr oan meidwaan kinne. We hawwe de ôfrûne moannen wol sjen kinnen hoe wichtich oft dat is."

Oant no ta hat sechtich persint fan de bewenners fan it bûtengebiet in oansluting oanfrege. Kabelnoord hopet dat it der nei ferrin fan tiid noch wat mear wurde, mar kin net elkenien helpe.

Tiidsdruk

"Het aansluiten van mensen die erg ver van de kabel wonen, aan het einde van een lange reed, is nu te kostbaar. We hopen dat de provincie daar nog een potje voor heeft", sei direkteur Geelhoed fan Kabelnoord. Der stiet wol wat tiidsdruk op it projekt, want neffens ôfspraken mei de provinsje soene alle kabels der foar maaie 2021 lizze moatte. Yn dy tiid hopet Kabelnoord ek it bûtengebiet fan Harns berikt te hawwen.

Wethâlder Caroline de Pee en direkteur Niek Geelhoed fan Kabelnoord

Projektlieder Bein van Dijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)