Sybrand Buma wurdt foarsitter fan nije lanlike Kultuerkommisje

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wurdt foarsitter fan in kommisje dy't besjen moat hokker kultuergoed de oerheid beskermje moat foar folgjende generaasjes.
© Omrop Fryslân
It giet dan om al it kultuergoed en samlingen dy't de oerheid sels, of musea en oare ynstellingen yn besit ha, mar ek om samlingen yn partikulier besit. De 'Commissie Collectie Nederland' is ynsteld troch de Raad voor Cultuur en is offisjeel beneamd troch kultuerminister Van Engelshoven.
Njonken Buma sitte der noch acht oare minsken yn. "De leden van de commissie hebben samen veel kennis van roerend erfgoed, collectievorming en wetgeving", neffens de Raad voor Cultuur.