FIDEO: Wurkbesite Willem-Alexander en Máxima oan Súdeast-Fryslân

17 sep 2020 - 21:44

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima wiene tongersdei de hiele dei yn it súdeasten fan Fryslân. It is de earste kear sûnt de coronakrisis dat it keningspear in streekbesite bringt. Der waard ûnder oare praat oer duorsumens en oer de Regiodeal. Súdeast-Fryslân is ien fan de tolve regio's dy't ekstra jild krijt om de regio te fersterkjen. De besite wie oars as oars fanwegen it coronafirus. It skema wie dêrom foar it grutste part geheim, sadat der gjin minsken op ôfkomme koene.

FIDEO: keninklik besite

(Advertinsje)
(Advertinsje)