Coronakrisis soarget foar in soad stress by soarchmeiwurkers: "Abnormale situatie"

17 sep 2020 - 21:01

"De coronacrisis is een abnormale situatie, maar het piekeren en de stress van zorgmedewerkers horen er wel bij." Dat seit Jan Willem Uringa, haad geestlike fersoarging fan it sikehûs MCL yn Ljouwert. Sa'n njoggentich persint fan de soarchmeiwurkers pikeret faak en lang oer de coronakrisis, sa docht bliken út de Monitor Gezond werken in de zorg fan IZZ en de Universiteit Utrecht.

Foto: ANP

Sûnder help of stipe foar soarchmeiwurkers kin dat liede ta emosjoniele útputting en útfal fan meiwurkers. Dat is perfoarst net de bedoeling, neffens Uringa, en dêrom kinne de meiwurkers fan it MCL bygelyks op elk momint fan de dei terjochte foar stipe en in petear.

"Het personeel werkt in een abnormale situatie", fertelt Jan Willem Uringa. "Ze hebben constant te maken met patiënten die met verdenkingen binnenkomen. Ook de medewerkers zelf kunnen besmet worden met het coronavirus. En dan is er ook nog de vraag: besmet ik andere mensen?"

Mei-inoar prate

De teams yn it MCL prate ek ûnderling oer de stress dy't se troch de coronakrisis ûnderfine. It is wichtich dat der omtinken is foar wat de coronakrisis mei soarchmeiwurkers docht, mar bytiden fine minsken it dreech om deroer te begjinnen.

Earder dit jier, oan it begjin fan de coronakrisis, makken wy dizze reportaazje mei Jan Willem Uringa:

"Toen de crisis op het hoogtepunt was, durfden mensen er wel voor uit te komen", neffens Uringa. "Maar nu het wat rustiger is, doen we alsof het er een beetje bijhoort. Dat baart mij zorgen."

"Problemen in het dal van de stress"

Dêr't it yn sikehuzen yn 'e Rânestêd wer drokker wurdt mei coronapasjinten, falt it hjir yn Fryslân noch wol ta. Mar benammen yn dizze situaasje, moatte meiwurkers derom tinke, seit Uringa.

"Mensen kunnen heel erg lang veerkrachtig zijn, maar vooral in het dal van de stress kom je in problemen. Het is natuurlijk wel zo dat je in het ziekenhuis altijd met lastige situaties werkt. Dat is ook wel het vak waar je voor kiest."

Jan Willem Uringa fan it MCL

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en per gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de Omrop-app. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)