Man (51) krûpt by twa froulju op bêd yn Flylanner hotel: wurkstraf
In man fan 51 jier út Voorburg hat tongersdei in wurkstraf fan tachtich oeren krigen, omdat er yn augustus 2018 yn in hotel op Flylân samar by twa froulju de keamer yngean wie en by har op bêd krûpt wie. Hy begûn se te tútsjen en fierder oan se te sitten.
De froulju hiene meardere kearen roppen dat er fuortgean moast. Se wiene benaud foar ferkrêfting. De man sels sei dat it bedoeld wie as grap. Hy hie dy jûn in soad bier dronken.
De rjochtbank seit dat de fertochte soarge hat foar in hiel bedriigjende en eangstige situaasje foar de froulju. Hy moat se beide ek tûzen euro smertejild betelje.