Flearmûzen spotte? Dat kin op ekskurzje yn Kimswert

Hasto altyd al ris op flearmuzejacht wollen yn 'e skimer? De Fryske Miljeu Federaasje en Lânskipsbehear Fryslân organisearje dizze dagen spesjale flearmuze-ekskurzjes. Tongersdeitejûn kinne minsken mei op in ekskurzje by Kimswert, dy't ûnderdiel is fan de aksje Bat yn Byld.
© Shutterstock
"Wy geane rûnom de skimer, wannear't de flearmûzen út harren skûlplak komme", fertelt Lemke Statema fan de Fryske Miljeu Federaasje. "Wy sille dan mei in swikje minsken op paad troch it doarp. Dan gean wy by plakken del dêr't wy fan witte dat de flearmûzen dêr foarkomme, en dan kinne minsken sels ek mei in detektor besykje harren lûden op te fangen. De bistjes meitsje gelûden mei in hege frekwinsje."

Nachtbisten

De ekskurzjes binne bedoeld om minsken yn de kunde komme te litten mei flearmûzen. Om't se nachtbisten binne, komme de measte minsken se net in soad tsjin. "Wy wolle minsken leare dat Fryslân echt in provinsje is foar de flearmûs. Der is in protte wetter, der binne in soad elzesingels, dus it is echt in geskikt lânskip. Wy wolle minsken ek witte litte dat se ek by harren ûnder it dak wenje kinne, sûnder dat se dat witte. Bytiden hawwe je der eins hielendal gjin lêst fan."
De reputaasje dy't flearmûzen hawwe, is net perfoarst negatyf, mar kin altyd better. "Wy fernimme net dat minksen echt benaud foar se binne. It binne wol wat spannende bistjes, om't se der ek wat nuver, in bytsje eang, útsjogge. It binne foaral hiele nuttige bistjes om ynsekten te bestriden, dus dat wolle wy graach oerbringe, sjen litte", sa seit Statema.
Beharkje ús ferslach fan de flearmûze-ekspedysje
Lemke Statema fan de Fryske Miljeu Federaasje