Drintske wolf hat dizze simmer acht Fryske skiep deabiten

In wolf hat begjin july yn Aldeberkeap acht skiep deabiten. Dat docht bliken út in rapport fan BIJ12, it buro dat foar de provinsje byhâldt wat foar skea wolven oanrjochtsje. De wolf kaam út Drinte, dêr't it bist him fêstige hat.
© ANP
Ut DNA-ûndersyk hat bliken dien dat de wolf njonken de skiep yn Aldeberkeap ek trije skiep yn Drinte deabiten hat. De wolf waard ein novimber foar it earst opmurken yn Drinte.

Ek by Appelskea

Syn DNA waard yn santjin gefallen fûn op skiep dy't oanfallen binne. Dat wie yn elts gefal ferline jier desimber ek fjouwer kear by skiep yn Appelskea. Ut spoaren docht bliken dat de wolf omswalket oan beide kanten fan de dyk tusken Emmen en Appelskea en yn de omkriten fan it Drents-Friese Wold.
Hoewol't der no dus in wolf flakby Fryslân sit, ferwachtet FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol net dat wolven harren yn Fryslân fêstigje sille. "Ik soe net oanriede om him hjir te fêstigjen, mar je witte noait wat de natoer docht. Oant no ta siket er wol de natoer en de rêst op, je moatte der net oan tinke dat se hjir te tichtby ús doarpen in fêst plak sykje. In rinner kin hjir wol foarby komme, mar ik sjoch net ientwatrije barren dat de wolven har definityf yn Fryslân fêstigje sille."

Leaver in fêstige wolf as in swalker

Neffens Knol kinne je better in fêstige wolf as in strunende wolf ha. "In swalkjende wolf pakt ek buorkerijbisten, sadree't in wolf him echt fêstige hat, giet er oer it algemien oer op wyld. Wat dat oanbelanget is it net sa slim dat hjir fierderop in wolf sit", sa seit Knol.
Yn totaal rinne der no trettjin wolven yn Nederlân, neffens BIJ12 en it wolvemeldpunt fan de Zoogdiervereniging.
Fraksjefoarsitter Sijbe Knol fan de FNP