Dantumadiel presintearret slutende begrutting, mar mei knyppunten

It kolleezje fan de gemeente Dantumadiel presintearret tongersdei syn begrutting foar 2021. It is slagge de begrutting mearjierrich slutend te meitsjen, mar der binne in pear knyppunten dêr't oan wurke wurde moat om risiko's en ôffallers op te fangen. De gemeenteried nimt op 3 novimber in beslút oer de begrutting.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Om de begrutting rûn te krijen, wurde in tal kostebesparrings trochfierd: it kostedekkend meitsjen fan de tsjinstferliening, it oars organisearjen fan it wolwêzenswurk en it besunigjen op subsydzjes. Dêrmei soene de wenlêsten foar boargers net ferhege wurde hoege.

Algemiene reserve

Dêrneist is der foar nei 2022 in oantal ombûgings útwurke om de algemiene reserve op peil te bringen sadat risiko's en ôffallers opfongen wurde kinne. Dy algemiene reserve fan de gemeente is op dit stuit te leech.
Dantumadiel seit te kampen mei finansjele ûnwissens as gefolch fan corona. Ek it oerheveljen fan de jongereinsoarch, arbeidspartisipaasje en maatskiplike stipe fan it Ryk nei de gemeente soargje foar jildpine. Dêrneist bringt it feroarjen fan it gemeentefûns, dêr't gemeenten jild út krije fan it Ryk, ûnwissens mei him mei.

"Realistysk wêze"

Wethâlder Rommy Kempenaar (PvdA): "It is goed dat we mei in oantal maatregels in slutende begrutting oan de ried presintearje kinne, mar we moatte wol realistysk wêze." De earderneamde knyppunten soargje der neffens him foar dat de gemeenten it noch swier krije.
Hy fynt lykwols dat de gemeenten dat net sels oplosse kinne. "It wurdt tiid dat it Ryk de gemeenten help jout. Mei in tal oare gemeenten meitsje we ús hjir hurd foar yn Den Haag."