Swiere blessuere hâldt Akoy dit seizoen oan 'e kant by Cambuur

SC Cambuur kin dit seizoen net mear beskikke oer Stanley Akoy. De middenfjilder is fannewike swier blessearre rekke op de training en moast mei in brankaar fan it fjild helle wurde. It giet om in swiere knibbelblessuere, wêrtroch't it einde seizoen is foar Akoy.
Stanley Akoy yn de tarieding yn aksje tsjin PEC Zwolle © Orange Pictures
Akoy spile dit seizoen noch gjin kompetysjewedstriden foar de Ljouwerters, om't er in oantal wiken lyn ek al blessearre wie. Tsjin MVV siet er foar it earst wer by de seleksje, mar hy foel net yn. Ek tsjin Go Ahead Eagles bleaun Akoy njoggentich minuten op de bank. Ferline jier kaam de 23-jierrige Akoy yn njoggentjin kompetysjewedstriden binnen de linen, wêrfan seis kear as basisspiler.
It kontrakt fan Akoy rint nei dit seizoen ôf by Cambuur.