Tsjerke fan Terbant krijt syn opfallende giele kleur werom

17 sep 2020 - 13:09

It is in opfallende tsjerke, sa neist de A32 by It Hearrenfean. Mei syn reade toer en giele bûtenkant is de tsjerke fan Terbant, de eardere 'Rotondetsjerke', in blikfanger. Op dit stuit stiet de toer yn 'e stegers en binne der skilders dwaande mei in grutte ûnderhâldsbeurt.

Dêr wie de tsjerke út 1843 ek wol oan ta, sa seit frijwilliger Jelle de Jong. "Der wie al tweintich jier neat mear oan dien. Ien fan de kroanen is derôf fallen, dy moat wer omheech. It sinkwurk op 'e toer wie hiel min en it houtwurk is ek wol oan in lik ferve ta."

Romein-giel

De tsjerke is fan de hân fan de ferneamde arsjitekt Thomas Romein. "De hiele foarkant fan de tsjerke wurdt skildere yn Romein-giel. Hy hat as arsjitekt by de bou fan de tsjerke sein dat de bûtenkant giel wurde en bliuwe moast. Hy hat ek de grutte tsjerke yn Sint-Jabik makke. Dêr wurdt dyselde kleur giel brûkt oan de binnenkant fan it gebou. En dêr hâlde wy ús noch altyd oan."

Jelle de Jong fertelt oer de tsjerke

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De tsjerke is oan de binnenkant oan de lytse kant. "Der kinne eins sa'n 100 minsken yn, mar troch de coronamaatregels binne dat der no noch krekt wat mear dan fjirtich."

De romte hat ferskate funksjes. Sa is de tsjerke simmerdeis in pear moanne iepen op snein foar in earetsjinst, en ek op kultureel mêd is der sa no en dan besetting. "Fan septimber oant maart ha wy hjir in kear as acht in optreden fan muzikanten of oare optredens. Dat begjint takom wykein wer. Mei dizze kear de coronamaatregels yn 'e efterholle fansels."

Pylgers op wei nei Spanje

Simmerdeis is de tsjerke sa'n 13 kear iepen as saneamde 'onderwegkerk'. Yn it ferline makken in soad fakânsjegongers der gebrûk fan, mar hjoed-de-dei binne it benammen minsken út de omkriten dy't komme. "Eartiids wie it folle drokker. Doe siet de rotonde eins noch yn de sneldyk, doe moast de plysje it ferkear hjir regelje op snein om alles yn goede banen te lieden."

Wat opfalt, binne de twa fjildbêden foaroan yn 'e tsjerke. De tsjerke fan Terbant biedt ûnderdak oan pylgers. "Dat hjit refugio. Dat betsjut dat pylgers hjir oernachtsje kinne. Sjoch, foar de moderne pylger is dit in pleistertsjerke op de rûte nei Santiago de Compostela yn Spanje. Dat dy kin hjir dan sliepe, wat drinke en op krêften komme."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach ek efkes yn de tsjerke

Trefwurden: 
tsjerke Terbant
(Advertinsje)
(Advertinsje)