FIDEO: Achter de skermen by de bou fan Wynpark Fryslân

17 sep 2020 - 12:27

De bou fan Wynpark Fryslân is op de Iselmar is yn folle gong. Op moandei 7 septimber gie de earste fan 89 fundearringspeallen de boaiem fan de mar yn. It wynpark sil griene stroom leverje oan sa'n 500.000 húshâldens en kostet úteinlik 850 miljoen euro.

Besjoch hjirûnder hoe't dat yn syn wurk giet:

Bylden: Wynpark Fryslân

FIDEO: Achter de skermen by de bou fan Wynpark Fryslân

Wynpark Fryslân wurdt boud yn it Fryske part fan de Iselmar by Breezanddijk. Fanwege de ûndjipten yn de mar en de breedte fan de slûzen kin der net wurke wurde mei standert offshore wynmaterieel. Dêrom is der in spesjaal wurkplatfoarm boud, like grut as in heal fuotbalfjild. Dêr boppe-op stiet in grutte kraan dêr't de fundearrings, en aanst ek de wynturbines, mei ynstallearre wurde.

Ferset

Der waard al tsien jier praten oer de plannen foar it wynpark. En yn dy tiid hat der ek in soad ferset tsjin west fan natuerorganisaasjes en de toeristyske sektor. De turbines wurde nammentlik sa'n 180 meter heech. Dat is 65 meter heger as de Achmeatoer yn Ljouwert.

It spesjaal foar dit projekt boude wurkplatfoarm - Foto: Flying Focus

Oannimmer Zuiderzeewind sil de kommende moannen sân dagen yn de wike dei en nacht trochwurkje om de 89 peallen te slaan. Alle dagen kinne der nei ferwachting twa peallen slein wurde. It heien fan in fundearringspeal duorret tusken de 30 en 90 minuten. As alles goed giet, steane de peallen yn jannewaris op harren plak.

Neist de 89 wynturbines yn de Iselmar komt der by Breezanddijk in transformatorstasjon en by Koarnwertersân in wurk- en natuereilân.

Simmer 2021 klear

Wynpark Fryslân wurdt yn de foarm fan in seishoek boud, sadat se it sicht op de hoarizon sa min mooglik beheine. De opbou fan it park bart yn ferskillende fazen. Earst wurde de fundearringspeallen pleatst. Dêrnei wurde ûndergrûnske kabels lutsen tusken de peallen en it transformatorstasjon by Breezanddijk. Yn it foarjier fan 2021 wurde de turbines sels boud en yn de simmer fan dat jier moat it park operasjoneel wêze.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust seach by it wynpark

(Advertinsje)
(Advertinsje)