Fryske kampanje tsjin swalkôffal krijt ferfolch

It swalkôffalprojekt 'Friesland 100% zwerfafvalvrij' krijt in ferfolch. It plan sette yn oktober 2019 útein en neffens ôffalferwurker Omrin is der yn in jier tiid 19 persint minder grof swalkôffal oantroffen yn Fryslân.
© Omrop Fryslân
Omrin wurket yn it projekt gear mei de 18 Fryske gemeenten, Circulair Friesland en de Friese Milieu Federatie. It projekt is ûnderdiel fan Nederland Schoon.

9.000 fuotbalfjilden

Yn eltse gemeente waard in plan fan oanpak makke. Neffens de organisaasje diene 3.000 Friezen mei. Sy 'adoptearren' in gebiet dat se skjinhâlde moasten. Al dy gebieten by elkoar leveren in gebiet op dat like grut is as 9.000 fuotbalfjilden.

Ferfolch

Om Fryslân yn de takomst ek swalkôffal frij te hâlden, krijt it projekt in ferfolch. Ek wurdt de aksje mooglik yn oare provinsjes tapast.