LIVEBLOG: Keninklike besite oan Fryslân

17 sep 2020 - 19:39

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima wiene tongersdei op wurkbesite yn Fryslân. De besite wie yn it ramt fan de takomst fan Fryslân, mei de klam op de lânbousektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumens. It keninklik pear gie del by ferskillende organisaasjes yn de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf.

17:30
Ein

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog.

Besjoch hjirûnder de útstjoering:

17:00
Ynterview mei Hendrik Galema (AJF) en René Nagelhout (SKS)
16:43
Neipetear
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
16:00
De Feanhoop oankomst
15:59
De kening en keninginne by De Feanhoop
15:57
It Frysk liket op it Ingelsk

Ferslachjouwer Gerrit de Boer prate nei ôfrin fan de keninklike besite oan de Fryske les mei dosint Ynke Veenstra en mei in learling. Yn de les waarden de wurdsjes 'dei' en 'dêr' bepraat. Dy kamen de gasten bekend foar omdat it op it Ingelsk liket. Fierders fertelden de learlingen wêrom't se foar it fak Frysk keazen hiene.

Dosint Frysk Ynke Veenstra en learlingen Esra ten Hoorn en Jeike Hooghiemstra

15:50
Ynterview mei dosint en mei learling Singelland
15:45
Keninklik Hûs twitteret yn it Frysk

It offisjele twitteraccount fan it Keninklik hûs docht ek ferslach fan de streekbesite fan de kening en de keninginne. Dat bart foar in part yn it Frysk. Oan it begjin fan de streekbesite oan Súdeast-Fryslân melde it Keninklik Hûs op twitter dat de besite "yn it teken stiet fan de takomst fan de provinsje Fryslân, mei de klam op duorsumens, de lânbousektor en de Fryske taal en kultuer."

En doe't Willem-Alexander en Máxima op it Drachtster Lyceum wiene, melde it account: Frysk is in offisjele taal. It Keninklik Pear is by in part fan in les Frysk fan learlingen fan it OSG Singelland. Dêrnei prate sy mei fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy't de posysje fan de Fryske taal fuortsterkje.

15:40
Sfearferslach besite op de tredde lokaasje skoalle Singelland yn Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)