Tal WW-útkearings yn Fryslân yn augustus opnij ôfnaam

17 sep 2020 - 10:33

It tal wurkleazensútkearings yn Fryslân is yn augustus wer mear ôfnaam. Dat meldt útkearingsynstânsje UWV. Oan it begjin fan de coronakrisis naam it tal oanfragen flink ta, mar dat nimt no al inkelde moannen ôf. Ek jongerein krije minder faak in útkearing. Yn fergeliking mei ferline jier leit it tal WW-útkearings no noch wol in stik heger.

It gebou fan it UWV yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Ein augustus telde Fryslân 10.841 útkearings; 3,2 persint fan de Fryske beropsbefolking. It oantal WW-útkearings yn Fryslân naam yn augustus ôf mei goed 4 persint. Yn augustus gie it oantal WW-útkearings yn hast alle sektoaren, mei útsûndering fan it ûnderwiis, omleech. Yn it ûnderwiis rinne in soad tydlike kontrakten fan leararen ôf foar de simmerfakânsje. Nei de simmerfakânsje fine sy faak wer wurk.

Utstjoerwurk

Yn de útstjoerbransj en de hoareka naam it tal WW-útkearings it sterkst ôf yn ferliking mei in moanne earder. Nei de sterke tanimming fan de WW-útkearings oan it begjin fan de coronakrisis lykje dizze sektoaren op dit stuit licht te werstellen.

Jongeren wurkje faak yn de útstjoerbransj en hoareka, meast mei koartrinnende tydlike kontrakten. Mar hoewol't oan it begjin fan de coronakrisis it oantal WW-útkearings ûnder jongerein it meast omheech gie, nimt dy ek wer it meast ôf yn harren leeftiidskategory.

Stiging op termyn minder grut

Ein augustus 2020 telde Fryslân 1.770 WW-útkearings mear as yn augustus 2019. Sûnt it begjin fan de coronakrisis is it oantal WW-útkearings rap oprûn. It ferskil mei foarich jier yn augustus is minder grut as yn de moannen maaie, juny en july. Yn de moannen maart oant en mei maaie ferlearen benammen jongerein mei in útstjoer-, oprop- of tydlik kontrakt harren baan. Sy fine no wer faker wurk.

Minder tekoarten, noch wol kânsen

De spanning op de arbeidsmerk troch corona is ôfnaam: gemiddeld binne der minder fakatueres en mear wurksykjenden as foar de coronakrisis. Foar ferskate beroppen en sektoaren is dit dúdlik sichter, bygelyks yn de tsjinstferliening. Dochs binne der ek sektoaren dêr't noch in soad fraach is nei personiel, lykas yn de technyk en ICT en yn it ûnderwiis.

Marieke Schram fan it UWV oer de sifers

(Advertinsje)
(Advertinsje)