Kening en keninginne bringe earste streekbesite sûnt corona oan Fryslân

17 sep 2020 - 09:16

Kening Willem-Alexander en keningin Máxima komme tongersdei nei Fryslân. De besite stiet yn it ramt fan de takomst fan Fryslân, mei de klam op de lânbousektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumens. It keninklik pear giet del by ferskillende organisaasjes yn de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf.

Foto: ANP

In bysûndere dei foar Fryslân, en ek foar kommissaris fan de Kening Arno Brok. "De kening en de keninginne bringe alle jierren in oantal streekbesites yn it lân. Yn coronatiid barde dat net. Dit is wer de earste kear dat it keningspear sa'n streekbesite oppakt. Oan ús dus de eare yn Fryslân", leit Brok út.

As ryksfertsjintwurdiger fan de kening yn de provinsje moat Brok it steatshaad ûntfange: "Dat docht altyd earst de keamerhear, dus de hear Douma fan Snits. Dêrnei ûntfang ik de kening en dan is de boargemaster fan de gastgemeente de gasthear."

Ynhâldlik

De besite is benammen ynhâldlik. "'We prate oer duorsumens en oer de regiodeal. Súdeast-Fryslân is ien fan de tolve regio's dy't ekstra jild krije út de pot fan de regiodeal om de regio te fersterkjen. We sille sjen hoe't it gebiet derby leit en wat de winsken foar de takomst binne."

"Mar de kening en keninginne sille - en dat is frij unyk - har ek ferdjipje yn it Frysk. En der sil in breed petear wêze mei Agrarische Jongeren Friesland oer de takomst fan de lânbou", omskriuwt Brok de plannen foar de dei.

Skema geheim

De besite sjocht der dit jier oars út as oare jierren fanwegen it coronafirus. It skema is foar it grutste part ek noch geheim, om't it net de bedoeling is dat der minsken op ôfkomme. "Dat kin gewoan net. Op it lêste momint sil pas dúdlik wêze wêr't de kening en de keninginne op besite komme", leit Brok út. "By de besites sels jilde ek de regels fan it RIVM."

Der binne dit kear ek in stik minder minsken by as normaal. Brok: "Mar wy binne tankber dat de kening en keninginne harren earste streekbesite bringe oan Fryslân. We meitsje der mei dit prachtige waar dan ek in moaie dei fan."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

Ferslachjouwer Hayo Bootsma sjocht foarút op de besite

(Advertinsje)
(Advertinsje)