Kollum: "Panspermy"

17 sep 2020 - 08:35

"Doe't ik ferline wike filmkes seach fan demonstranten tsjin de coronamaatregels, sakke myn fertrouwen yn de minskheid wer fier ûnder nul. Nimmen is bliid mei ôfstân hâlde, mei tichte nachtklups, of mei teststrjitten. Mar hjir hiene we de fanatikelingen, dy't net hindere troch kennis fan saken it iene dogma nei it oare brochten. Ik skeat sels even yn in laits doe't ik in âldere frou hieltyd wer 'Ik doe dit voor de kinderen!' sizzen hearde; it superargumint dat foar elke kant fan elk ferhaal ynset wurde kin. In soad dogma's binne klisjees, mar dizze wint op alle punten.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Komplotteoryen binne der genôch. Dêr wol ik net jo kostbere tiid oan fergrieme. Mar fan 'e wike lies ik oer in teory dy't op in komplot liket, mar it net is. Net omdat it sûnder mear wier is - in teory bliuwt in teory - mar omdat it in wittenskiplike teory is oer hoe't we oan it coronafirus kommen binne. Wittenskippers fan de boekesearje Advances in Genetics ûndersykje de mooglikheid dat it coronafirus bûtenierdsk is. NRC skreau der fan 'e wike oer. Hoe sit it.

Op 11 oktober 2019 sloech der in meteoryt yn, yn it noardeasten fan Sina. It firus soe meireizge wêze, en nei de ynslach him ferspraat hawwe. It troch de romte reizgjen fan bûtenierdsk libben past yn in gruttere teory dy't 'panspermy' hjit. Panspermy is it fassinearjende idee dat libben yn it hielal ferspraat wurdt troch kometen en sokssawat. Der binne hûnderten miljarden stjerren allinnich al yn 'e Molkwei, en dêr heare miljarden planeten by dêr't libben op mooglik is.

Hoe dan ek, der binne safolle stjerren en safolle planeten mei geunstige omstannichheden, dat it gewoan ûnwierskynlik is dat we allinnich binne. Dêr kaam tiisdei noch it nijs by dat astronomen yn de atmosfear fan Venus fosfine ûntdutsen ha. Dat is in gemyske ferbining dy't op ierde allinnich troch baktearjes of fabriken makke wurdt. Se tinke net dat der fabriken op Venus binne, dus dan ha we mooglik al libben op buorman Venus. Pardon: buorfrou. In belangryk argumint tsjin panspermy wie altyd dat der gjin libben bûten ierde bekend is. Dat soe wolris fan tafel wêze kinne.

Trije wike lyn wie yn it nijs dat baktearjes oerlibje kinne yn 'e romte. Op romtestasjon ISS ha se oan 'e bûtenkant in tal baktearjekoloanjes útsetten en dy lieten se dêr in jier as wat sitte. De omstannichheden binne dêr wreed: it is it iene momint smoarhjit en it oare stienkâld, it is in fakuüm en de UV-strieling is fiks. Mar se oerlibben. De bûtenste giene dea, mar dy foarmen in beskermingslaach. Undersyk hat al útwiisd dat baktearjes dy't yn in stien opsluten sitte noch folle langer oerlibje kinne yn 'e romte. Koartsein: der binne wat de reis oanbelanget oanwizingen dat panspermy kin. Hoe't baktearjes yn in stien telâne komme en dêrnei in ein de romte yn sjitte kinne, binne folgjende problemen.

Yn de teory fan panspermy docht sels it idee de rûnte dat wy as minsken ek ús oarsprong ha út in oare wrâld. De oarsprong fan it libben op ierde is yn fan de grutste wittenskiplike mystearjes. De sprong fan oersop nei ienselligen is sa ûnwierskynlik, dat panspermy dêrneist net mear sa healwiis liket as opsje foar it ûntstean fan libben op ierde. In coronafirus is dan gewoan de folgjende stap: in panspermy-opsje foar it ferneatigjen fan libben op ierde. It sil fêst net lang duorje of de âldere 'Ik doe dit voor de kinderen!'-frou sil hjir wol deeglik in komplot yn sjen, want as panspermy kin, dan kin opsetlike panspermy ek. Dus dat yntelligint bûtenierdsk libben mei opsetsin in gemien firus op ús ôf stjoerd hat, yn in besykjen ús te ferswakjen, wêrtroch't we kwetsber binne, en in Space Force nedich ha en dus op Trump stimme moatte.

Even werom nei de Fryske klaai. It binne teoryen. Fassinearjende teoryen, en it is goed om it ferskil te sjen tusken panspermy en 5G ast it hast oer corona. Ast in jûn op Wikipedia trochbringe wolst, bist yn it gefal fan 5G gau klear, en yn it gefal fan panspermy moatst derom tinke om op 'e tiid de laptop ticht te klappen, safolle nijsgjirrichs is deroer te finen. Yn 'e praktyk is noch gjin fan beiden te bewizen, en hast der ek net folle oan ast troch in teststrjitte moatst."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)