PvdA: 'Belûk Sven Kramer en Epke Zonderland by Frysk sportbelied'

17 sep 2020 - 06:02

De provinsje moat de Fryske topsporters Epke Zonderland en Sven Kramer belûke by it provinsjaal sportbelied. Dat wol de PvdA yn Provinsjale Steaten. Beide topsporters binne al goed maatskiplik dwaande, seit PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg. Dêr moat de provinsje gebrûk fan meitsje.

Epke Zonderland - Foto: www.orange-pictures.nl

Neffens Stalenburg moatte je sportbelied net allinnich oerlitte oan politisy en amtners, mar moatte je ek gebrûk meitsje fan de ûnderfining en kontakten fan de kampioenen út de Fryske sportwrâld. "Dan krijg je de bedrijven ook mee", tinkt er. "Bedrijven sponsoren tegenwoordig liever maatschappelijk, dan dat ze shirtsponsor zijn van Cambuur of Heerenveen. Daarmee kunnen ze veel meer bereiken."

Se wolle wat berikke

En just Epke Zonderland en Sven Kramer binne geskikt. "Ze zijn maatschappelijk betrokken, ze willen iets bereiken voor de maatschappij. Je kunt ze als boegbeeld gebruiken."

Eins hie dat al folle earder moatten, wat Stalenburg oanbelanget. "Epke Zonderland had al lang een rol moeten krijgen in het sportbeleid van de provincie. Als ambassadeur, als adviseur."

Provinsje: mear 'breedtesport'

Deputearre Sander de Rouwe sei dat hy graach trochprate wol oer it foarstel fan de PvdA. Provinsjale Steaten stelden woansdei de startnotysje sport fêst. De provinsje wol de kommende jierren mear ynsette op 'breedtesport' foar alle generaasjes en dêr ek de nije Sven Kramer Academy by belûke.

Jaap Stalenburg

(advertinsje)
(advertinsje)