Ljouwert set folop yn op kultuer, no it jild noch

De gemeente Ljouwert wol kultureel sjoen ambisjeus de takomst yn. Hjir hat in romme mearderheid fan de gemeenteried woansdeitejûn foar stimd. Dat betsjut dat de kommende jierren ûnder oare Neushoorn, De Harmonie en dbieb ekstra jild krije, want hjir binne tekoarten. Dêr boppe-op moat der ek noch in pear ton komme foar de neilittenskip fan Kulturele Haadstêd.
Ljouwert set folop yn op kultuer, no it jild noch
In moaie opstekker foar de nagelnije wethâlder fan kultuer Hein Kuiken, mar hy krijt der noch in swiere dobber oan om it jild foar dizze hege ambysjes te finen: "Het is niet onhaalbaar. Er moet 15 tot 20 procent bij over een periode van 7 jaar. Dat vind ik realistisch, al is het wel ambitieus."

Neushoorn

De earste stap wurdt nei alle gedachten takom wike al setten as de ried ynstimme moat mei de earste 250.000 euro. It grutste part dêrfan is bedoeld foar poppoadium Neushoorn dat grutte finansjele problemen hat.
Sa'n 50.000 euro is bedoeld foar de triënnales. Dat binne de miny-Kulturele Haadstêden dy't om de trije jier organisearre wurde. De earste is yn 2022.

SML

Fierder is der noch in moasje oannommen om foar de SML (Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden) jierliks 20.000 euro beskikber te stellen foar harren jeugdoplieding.
Wethâlder fan kultuer Hein Kuiken
© Google Streetview
En it liket derop dat foar de simmer bekend is hoe't it definityf komt mei Zalen Schaaf yn Ljouwert. De gemeenteried stimde woansdei ek yn mei in priisfraach oer de takomst fan ien fan de âldste teäters yn ús lân.
No't de ried grien ljocht jûn hat foar de priisfraach, kin it rap gean, tinkt wethâlder Hein de Haan: "We zetten de prijsvraag in oktober uit en verwachten dat we in het eerste kwartaal van het nieuwe jaar een selectie aan de raad voor kunnen leggen." Earder liet De Haan al trochskimerje dat der fiif partijen binne dy't ynteresse hawwe.

Oant 1 oere nachts iepen

De slutingstiden meie yn it wykein oant 1.00 oere nachts bliuwe. It CDA, D66, Partij voor de Dieren, ChristenUnie en Lijst058 besochten dit mei in moasje werom te bringen nei 23.00 oere, mar dy krigen gjin mearderheid.
Dat jildt ek foar it foarstel fan de FNP om Zalen Schaaf foar in symboalysk bedrach te ferkeapjen oan de tydlike eksploitanten dy't der no sitte.

Ekstra tiid

Wol krije de tydlike útbaters ekstra tiid om al harren aktiviteiten trochgean te litten, dy't fanwege corona útsteld binne. Earst krigen se ferlinging oant 1 juny 2021, no is dat oant de simmerfakânsje.
Wethâlder Hein de Haan oer de takomst fan Zalen Schaaf