Lotting Freulepartij: favoryt Dronryp treft Wommels

16 sep 2020 - 22:13

It partoer fan Dronryp, de grutte favoryt foar de Freulepartij, treft sneon Wommels op de earste omloop. Dat is de útkomst fan de lotting foar de 118e Freulepartij, dy't woansdeitejûn yn Wommels wie. Dronryp hat fjouwer fan de seis ôfdielingswedstriden wûn dit jier.

It lotsjen foar de Freulepartij fan 2020 - Foto: Henk Bootsma

Dronryp en Wommels binne twa fan de 39 partoeren dy't dit wykein op de list steane yn Wommels. Dat binne der twa minder as in jier lyn, mar foarsitter Tjeerd Dijksra fynt it in moai oantal. "It is in oare tiid, alle sporten binne alwer begûn."

Jellum-Bears, dy't fan it wykein de generale repetysje foar de Freulepartij wûn, spilet op de earste list tsjin Gaast-Ferwâlde. Oare outsiders binne Easternijtsjerk, Sint Jabik, Bitgum, Ingelum en Berltsum. Dy lêste begjint de dei mei in steand nûmer.

Lotting Freulepartij

1. Folsgeare 2. Frjentsjer
3. Grou 4. Wytmarsum
5. Sint-Anne 5. Reahûs-Turns
7. Easterwierrum 8. Stiens
9. Moarre-Ljussens 10. Ljouwert
11. Baard 12. It Hearrenfean
13. Wommels 14. Dronryp
15. Easterein 16. Spannum
17. Arum 18. Raerd
19. Boalsert 20. Nijewier
21. Eksmoarre 22. Tsjom
23. Ingelum 24. Kimswert
25. Rie 26. Bitgum
27. Itens 28. De Hommerts
29. Gaast-Ferwâlde 30. Jellum-Bears
31. Makkum 32. Reduzum
33. Menaam 34. Winsum
35. Sint Jabik 36. Seisbierrum
37. Balk 38. Lollum
39. Berltsum

De 118e Freulepartij begjint sneon om 9.00 oere. Publyk is net wolkom, mar de wedstriid is fan 13.00 oere ôf te folgjen op Omropfryslan.nl en fan 13.30 ôf op Omrop Fryslân telefyzje, yn kombinaasje mei it NK fierljeppen.

(advertinsje)
(advertinsje)