15 miljoen ekstra foar kultuer yn regio: Bruinsma fan PeerGrouP bliid mei troanrede

16 sep 2020 - 21:30

Der wie wat aksje foar nedich, mar de kultuersektor krijt der ekstra jild by. In pear wiken lyn like it der noch op dat de subsydzjes fan it Fonds Podiumkeunsten foar it grutste part nei de Rânestêd gean soe. It kabinet makke op Prinsjesdag dochs ek jild beskikber foar kultuer yn de regio. Dirk Bruinsma fan de PeerGrouP, in ynstelling dy't lokaasjeteäter fersoarget, is der tige wiis mei.

Foto: Shutterstock.com

Fan it Fonds Podiumkunsten krige de PeerGrouP in posityf advys foar harren plannen foar de kommende fjouwer jier, mar dat betsjutte net fuortendaliks dat sy ek subsydzje krigen fan it regear. "Lykas eins alle oare kulturele ynstellingen yn Nederlân, fan musea oant festivals oant produksjehuzen oant teäterynstellingen, krigen wy in posityf advys fan it fûns, mar gjin jild", seit Bruinsma. "Yn it Noarden waard ien oanfraach honorearre, East-Nederlân krige hielendal neat. Seelân kaam der ek min fanôf."

Mar de kultuersektor liet it der net by sitte, en kaam yn aksje. Dat hat holpen. Op Prinsjesdag makke de kening wrâldkundich dat der 15 miljoen ekstra komt, spesjaal foar kultuer yn de regio. "Ik bin hiel bliid mei de troanrede. Fansels ek mei it beslút fan it ministearje om kultuer krekt yn dizze tiid te stypjen", lit Bruinsma witte. "De kulturele sektor stiet op in soad punten op knappen. It is ek ekstra moai dat de minister seit, en ek dat ús kening seit: 'wy sille de kommende jierren ek dizze sektor stypje'."

400.000 euro

Al 15 jier lang wurdt de PeerGrouP finansjeel stipe troch provinsje Drinte en troch it Fonds Podiumkunsten. Fan dy lêste krijt de ynstelling 400.000 euro it jier. "Dêr kinne wy sa'n 4 foarstellingen fan meitsje", leit Bruinsma út. Se dogge dat oer ferskate tema's, lykas iensumens ûnder âlderein.

"De sektor hat it swier", seit Bruinsma ta beslút. "Der binne in soad ûndernimmers dy't omfalle, dy't in oar fak leare wolle. Dizze stipe komt op in hiel goed momint."

Harkje hjir nei it petear mei Dirk Bruinsma

(advertinsje)
(advertinsje)