Akute soarch begjin takom jier werom yn Dokkum: Sionsberg kriget 'spoedpost'

By it eardere sikehûs Sionsberg yn Dokkum iepenet begjin takom jier in post foar akute soarch. Minsken út de regio kinne dêr fan moarns betiid oant jûns let terjochte foar akute soarch, dy't levere wurdt troch in húsdokter en in ferpleechkundige. Sy krije de technyske mooglikheden om 'leechkomplekse' soarch biede te kinnen oan de pasjinten.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
It giet perfoarst net om spoedeaskjende help, ferloskunde en psychiatry; dêrfoar moatte minsken út de regio noch hieltyd nei oare sikehuzen yn Fryslân. Foar de lichtere soarch, lykas wûnen en breuken, kinne minsken aansten wol by de 'spoedpost' fan Sionsberg terjochte. Ek kin der röntgen- en laboratoariumûndersyk dien wurde. De húsdokter en ferpleechkundige kinne eventueel op ôfstân help ynroppe fan in medysk spesjalist.

Rappere soarch, tichter by hûs

Doel fan de post is dat minsken rapper soarch krije kinne, en tichter by hûs. Neffens de inisjatyfnimmers soarget it foar koartere wachttiden en legere kosten. Sy neame it 'een spoedpost die voor Nederland uniek is'. It moat derfoar soargje dat it gat tusken de húsdokter en it sikehûs opfolle wurdt.
Soarchfersekerder De Friesland fersoarget yn elts gefal foar de earste trije jier de finansiering foar de nije post. De post foar akute soarch yn Dokkum smyt yn earste ynstânsje mar in beheind tal nije wurkplakken op. Op termyn ferwachtsje de inisjatyfnimmers wol mear wurkgelegenheid yn Dokkum.
Yn in digitale gearkomste waard de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân woansdeitejûn bypraat oer de ûntwikkelingen. Neffens de gemeente is it goed dat minsken út de regio aansten wer yn Dokkum terjochte kinne foar dizze 'leechkomplekse' soarch.
Harkje hjir de reportaazje werom