Aant Jelle Soepboer: minder nochter omgean mei de Fryske taal
De Fryske nochterens kin ek gefaarlik wêze foar ús taal en kultuer. Dat seit Aant Jelle Soepboer, riedslid fan de FNP yn Noardeast-Fryslân. "We moatte fan de nonsjalânse wei. Mei in ôfwachtsjende hâlding komme we hieltyd fierder fan it Frysk wei."
Dat sei er woansdei yn Weistra op Wei:
Soepboer krige ferline wike de stipe fan de folsleine ried yn syn gemeente, foar syn amendemint om de Fryske plaknammen yn syn gemeente de offisjele plaknammen te meitsjen. Dus net mear Kollumerzwaag, mar Kollumersweach. En net mear Morra, mar Moarre. As doarpen derop tsjin binne, dan kinne se yn beswier gean. "Sa kinne je de minsken ynspraak jaan", seit Soepboer. "Want der binne plakken dêr't it wat mear nuansearre leit. Mar it belied is dúdlik, krekt as mei it donorbelied: alle plakken in Fryske plaknamme, 'tenzij'."
De measte reaksjes op it beslút binne posityf, fertelt er. "Ik wurd belle út alle hoeken fan Fryslân en dêrbûten: moai nijs, in boppeslach, moai foar ús taal en kultuer." Net elkenien is posityf, mar dat binne faak 'drogredenen', neffens Soepboer. "De frachtweinsjauffeur soe de plakken net mear fine, bygelyks. Mar as ik yn Google Maps sykje nei De Lytse Jouwer, dan fyn ik it plak Hiaure wol, hear. Je moatte ek ris wat doarre."
Ek yn Baskenlân en Wales
Ek foar toeristen leaut Soepboer net dat it betiizjend wêze soe. "Dy tinke net: 'o, de foarige kear dat ik hjir wie, wie it Oosternijkerk en no samar Easternijtsjerk'. Ast sjochst nei bygelyks Baskelân of Wales, dêr is ek gjinien dy't dêr komt en fynt dat der debile dingen op de buorden steane. It is just autentyk. It jout ek mearwearde oan de ekonomy en de toeristyske sektor, tink ik."
Frysk op de skoallen ferbetterje
Soepboer wurke as dosint yn it ûnderwiis, mar sûnt er heit wurden is, hat er in oare baan. No is er adviseur yn it ûnderwiis by Cedin. Hy sit dêr yn it team dat him dwaande hâldt mei meartaligens en it Frysk. "Ien fan ús grutste doelen is om rjochting 2030 it Frysk op de skoallen te ferbetterjen", seit er. "Der binne altyd minsken dy't negatyf binne. It giet der allinnich om dat der in grutte mearderheid is dy't wol posityf is. Dy moat de negative minderheid meinimme."
En hoe wol Soepboer dat Frysk dan ferbetterje op skoallen? "It moat in folweardige, moderne taal wurde. Ik ha sels fiif jier Frânsk hân op skoalle, mar doe't ik yn Frankryk wie, kaam ik derachter dat ik der gjin sek fan koe. Dat komt trochdat ik it hjir yn Fryslân net yn it echt oefenje koe. Mei it Frysk kin dat wol. Lit ús dy meartaligens brûke." It giet Soepboer net allinnich om it skoalfak Frysk. Wat him oanbelanget kin de wiskundedosint syn fak ek yn it Frysk jaan.
Soepboer wol in middenkategory oansprekke. "Taal ropt emoasjes op, fansels. Der is altyd polarisaasje tusken in groep dy't foar it Frysk is en in groep dy't tsjin it Frysk is. Dêrom wol ik dy middenkategory berikke. Ik hoopje dat sy ta ynsjoch komme dat der in soad te rêden is. Mei in ôfwachtsjende hâlding komme we just fierder fan ús taal ôf te stean. Dan is de taal oer in pear generaasjes miskien wol útstoarn. Ik sjoch hieltyd mear âlden dy't de bern yn it Hollânsk grutbringe, wylst se beiden Frysk binne. Ik fyn dat spitich, ik krij dêr de triennen fan yn 'e eagen. We moatte mei-elkoar it Frysk út dat konservatyf-agrarysk hoekje helje en sjen litte dat it de taal fan de takomst is."
It Frysk moat de taal fan de takomst wurde, seit Soepboer: