Fryslân en Grinslân tinke ûngelyk oer Lelyline

De provinsjes Fryslân en Grinslân stean noch hieltiten net op ien line as it giet om de Lelyline. Dat die woansdei bliken by debatten yn Provinsjale Steaten yn Grins en yn Ljouwert. Wylst de polityk yn Fryslân de nije, noch oan te lizzen spoarline ferankere yn de nije omjouwingsfyzje, kaam yn Grinslân deputearre Fleur Gräper (D66) mei hiel oare teksten.
© Omrop Fryslân
Gräper: "Er is een kleurverschil met Friesland: Vanuit Gronings perspectief is de Lelylijn veel duurder dan het ontwikkelen van een snelle spoorverbinding via bestaand spoor. Het doel is voor ons leidend: Groningen moet snel met de Randstad verbonden worden, dat mag linksom maar ook rechtsom."
Koartsein: de provinsje Grinslân is net op de Lelyspoarline tsjin, mar om it doel te berikken is it ek in opsje om it besteande spoar fan Grins oer Hoogeveen, Meppel en Zwolle te ferbetterjen. Fryslân sjit mei dy fariant neat op. "Voor ons is het doel leidend: zorgen dat wij vanuit Groningen snel vanuit de Randstad verbonden worden. Dat maakt dat we ongelooflijk fan zijn van de Lelylijn, maar ook de optie over bestaand spoor open houden."
Harkje nei deputearre Fleur Gräper fan Grinslân
De Fryske deputearre fan ferkear Avine Fokkens wol de kommende tiid mei faasje trochgean mei de lobby foar de Lelyline. Fokkens wol meikoarten ek oerlizze mei har kollega's Gräper fan Grinslân en Bijl fan Drinte om te ûndersykjen oft de trije noardlike provinsjes ek mear ta ien stânpunt komme kinne.

VNO-NCW en RUG wolle ek Lelyline

"Wat de provincie Groningen ook zegt, Fryslân blijft sterk voorstander van de Lelylijn", seit Avine Fokkens. Fryslân fielt him ek stipe troch ferskate oare maatskiplike organisaasjes lykas wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW en de Ryksuniversiteit Grins, dy't beide bot foar de Lelyline binne. Ek de gemeente Grins is, krekt as de provinsje Fryslân, in foarstanner fan de Lelyline.
It ferline wike presintearre Groeifonds fan 20 miljard fan de ministers Hoekstra en Wiebes wurdt troch de provinsje Fryslân sjoen as in kâns om de nije spoarline te finansieren.
Harkje nei deputearre Avine Fokkens fan Fryslân