De Harmonie yn Ljouwert set freed útein mei foarferkeap twadde diel seizoen

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert begjint freed om 12 oere mei de ferkeap fan kaarten foar foarstellingen foar dizze hjerst. It giet dan ûnder oare om de musical Murder Ballad, in muzikale foarstelling fan Paul de Leeuw en Simone Kleinsma, in optreden fan Bert Visscher en de âldjierskonferense fan Guido Weijers.
De Harmonie yn Ljouwert © De Harmonie, Ljouwert
De skouboarch yn Ljouwert hat de programmearring yn ferbân mei corona yn twa parten splitst. De foarstellingen oant 9 oktober wiene earder al yn de ferkeap.

Minder minsken yn de seal

Yn it teäter jilde ferskate coronamaatregels. Dêrtroch kinne der folle minder minsken yn de seal as gewoanlik.

Inkeld op webside Harmonie te keap

Kaarten foar de foarstellingen binne ek allinnich op de webside fan De Harmonie te krijen. Dan kinne taskôgers op it leste momint noch ynformaasje krije oer wizigingen yn it programma.