Kreaze searje op Autumn Series einiget foar Noppert yn achtste finales

16 sep 2020 - 16:55

Darter Danny Noppert hat op de lêste dei fan de PDC Autumn Series de achtste finales helle. Hy ferlear woansdeitemiddei, nei fiif dagen fan fliertoernoaien yn it Dútske Niedernhausen, mei 6-4 fan Matt Clark.

Foto: Orange Pictures

Yn de eardere wedstriden woansdei fersloech Noppert mei krappe sifers Robert Thornton (6-4), Andy Boulton (6-5) en Stephen Bunting (6-5). Tsjin Clark like it ek de kant fan de Jouster op te gean, mar meardere miste kânsen yn de sechde leg lieten de Ingelsman weromkomme.

Konstante rige

It wiene lykwols fiif goede dagen foar Danny Noppert op de Autumn Series yn Dútslân. It bêste resultaat sette er ôfrûne moandei del, troch de kwartfinales te heljen. Tiisdei en ôfrûne snein stie er ek al yn de achtste finales.

Noppert is yntusken mear as wis fan dielname oan de World Grand Prix yn oktober, it earstfolgjende grutte telefyzjetoernoai fan it profesjoneel dartbûn. Dat wurdt fan 6 oant en mei 12 oktober sûnder publyk hâlden yn it Ingelske Coventry.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)