Hiel vwo-5 fan Ljouwerter Lyceum sit thús fanwege mooglik coronagefal

16 sep 2020 - 20:43

Learlingen út vwo-5 fan it Ljouwerter Lyceum sitte thús om't in learlinge mooglik besmet is mei it coronafirus. Dat hat de skoalle besletten nei oerlis mei de GGD. De learlingen moatte maksimaal tsien dagen thús bliuwe. Sy krije thúsûnderwiis.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De broer fan in vwo-5-learlinge hat it coronafirus. Doe't de learlinge noch op skoalle wie, hie sy sels gjin klachten. Doe't se wol klachten krige, is se thús bleaun. Omdat alle vwo-klassen mei ferskate lessen trochelkoar sitte, bliuwe no alle klassen thús. Neffens de GGD is it risiko op besmetting lyts, mar de skoalle nimt it wisse foar it ûnwisse.

De learlinge wurdt moandei test op it firus. Oant de útslach bekend is, nei alle gedachten ien of twa dagen dêrnei, moatte de klassen thús bliuwe.

Underfining mei thúsûnderwiis

"Dan zitten ze dus een week thuis", fertelt rektor Raymond in het Veld. Hiel slim is dat net, seit er. "We hebben ervaring met thuisonderwijs. De leerlingen zitten niet niets te doen, het onderwijs gaat gewoon door. Het wordt wel weer even wennen, maar we gaan ons daar goed op voorbereiden. Het gaat wel lukken."

De skoalle wol der nochris by elkenien op oantrúnje om ôfstân te hâlden, de hannen te desynfektearjen, de meubels skjin te hâlden, rinrûtes te folgjen en net op skoalle te kommen mei klachten.

Raymond in het Veld

(advertinsje)
(advertinsje)