Grypspuitstrjitten ynrjochte om ôfstân hâlde te kinnen

16 sep 2020 - 16:17

Húsdokters yn de provinsje bondelje de krêften om op grutte skaal minsken in grypspuit jaan te kinnen. De pneumokokkespuit stiet no ek op it program en dêrom komt der mear drokte. Om oardel meter ôfstân mooglik te meitsjen fanwege de corona wurdt op plakken útwykt nei in sporthal.

De ferwachting is ek dat troch de corona-útbraak mear minsken om in grypspuit komme, seit bestjoerslid Mirjam Talsma fan de Fryske húsdoktersferiening: "Dat is al de ferwachting. Al kinne we hiel dreech ynskatte hoefolle mear. We hawwe yn alle gefallen ekstra spuiten besteld."

Talsma is húsdokter yn Burgum. Sy en oaren yn har praktyk binne drok dwaande mei de planning foar it jaan fan de spuit: "Gewoanwei dogge we trije middeis fan oardel oere hjir yn de praktyk. No dogge we dat yn trije dagen yn De Ikker."

Dat bart op meardere plakken. Yn Ljouwert bygelyks kinnen minsken de spuiten 'ophelje' yn de Rengershal. "It hinget ek ôf fan de meiwurking fan de gemeente", seit Talsma. "We hawwe frege om gruttere romten beskikber te stellen foar it jaan fan de spuiten, want dan kinne minsken better ôfstân hâlde. Dêr is troch in tal gemeenten gehoar oan jûn."

Net alle praktiken gean oer op prikstrjitten. Pasjinten yn risikogroepen krije ynkoarten in brief mei ynstruksjes. Minsken dy't net yn de risikogroepen sitte en dy't al in spuit hawwe wolle, kinne him oanfreegje by de húsdokter. Dy faksinaasje moat dan al sels betelle wurde.

Multyfunksjoneel gebou, tsjerke De Ikker yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)