Hurdrinwedstriid by Kollumer fersoargingshûs om Foekje Dillema te earjen

16 sep 2020 - 15:59

In hurdrinwedstriid oer 100 meter by it Kollumer fersoargingshûs Meckama State del moat Foekje Dillema earje. Ien fan de bêste Fryske atletes ea wenne ek yn it fersoargingshûs. De hurdrinwedstriid op 22 oktober wurdt ek nei har neamd: de Foekje Dillema-bokaal.

Foto: Omrop Fryslân

Erie Dam is ien fan de betinkers fan it evenemint. Mei de hurddraafwedstriid wol hy eare jaan oan de atlete, dy't yn 1950 útsletten waard fan offisjele hurddraafwedstriden.

Wa wie Foekje?

"Sy wie in atlete út Boerum dy't ôfgryslik hurd rinne koe. Op de 200 meter wie se net te ferslaan", fertelt Dam. "Fanny Blankers-Koen wie altyd benaud foar har wannear't se deselde wedstriid draafden. Dan die sy net mei."

"Op in bepaald stuit is Foekje bot diskriminearre. Foekje hie wat manlike skaaimerken. Doe hat de man fan Fanny, dy't yn de Keninklike Nederlânske Atletyk Uny siet, derfoar soarge dat Foekje in seksetest dwaan moast. Foekje ferpofte dat. Se sei: 'Se sizze dat ik in man bin, ik gean nei hûs'. Se soe yn 1950 meidwaan oan de Olympyske Spelen, mar is doe, om't se dy test net dwaan woe, weromstjoerd nei Fryslân", fertelt Dam. "Letter is se rehabilitearre. Elkenien sei: Se wie gewoan in hiel sterke frou'."

Foekje Dillema (1926-2007) wie in atlete út Boerum. Yn de koarte perioade dy't se aktyf wie yn de atletyk, wie se in grutte konkurrinte fan Fanny Blankers-Koen, dy't, oant Dillema meidraafde, in hegemony hie op de 200 meter. Nei't Dillema in seksetest wegere, is se troch de Keninklike Nederlânske Atletyk Uny skrast foar it libben. Nei har dea die in DNA-ûndersyk bliken dat Dillema in 'mozayk' wie fan manlike en froulike gromosomen. Se wie ûntstien út in twalling (in jonkje en in famke) dy't gearsmolten binne.

De KNAU hat nei har ferstjerren yn 2007 ekskuzen oanbean en har persoanlike rekôr op de 200 meter erkend.

De muorreskildering fan Foekje Dillema op de Meckama State - Foto: Kollumaktief

Dielnimmers

De wedstriid wurdt draafd troch ferneamde Fryske sporters, twa froulju en twa manlju út ferskate sporten, bygelyks út it fuotbal, it keatsen en it fierljeppen. Frontman fan De Kast, Syb van der Ploeg en syn broer Jacob, in triatleet, hawwe de sporters benadere.

Nei de wedstriden foar de froulju en de manlju is der ek noch in wedstriid foar skoalbern. "Wy wolle de jongerein yn beweging krije."

Mei Foekje yn de startposysje

"Der leit no in parkoers by Meckama State, dat wie earder al ûnderdiel fan ús strjitkeunstprojekt. It is in besteand paad dêr't twa minsken oer 100 meter hurdrinne kinne", sa seit Dam. De dielnimmers drave dan by de muorreskildering del dy't sûnt dit jier op de side fan Meckama State pronket.

De striid om de Foekje Dillema-bokaal sil op 22 oktober om 15 oere losbarste.

Erie Dam oer de Foekje Dillema-bokaal

(advertinsje)
(advertinsje)