Petysje Feitsma Fûns: Nije Akademydirekteur moat bân mei de mienskip fersterkje

16 sep 2020 - 19:41

It Feitsma Fûns hat woansdeitemoarn in petysje oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Sander de Rouwe út noed oer de takomst fan de Fryske Akademy. It fûns fynt dat de nije direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy genôch Frysk wêze moat. De Fryske Akademy moat mei beide skonken yn de Fryske mienskip stean.

De petysje is troch mear as hûndert minsken tekene, ûnder wa in soad promininte Friezen op it mêd fan taal, skiednis en kultuer. Hy waard oanbean troch vice-foarsitter Redbad Veenbaas.

Oanlieding wie dat Omrop Fryslân in petear hie mei Thony Visser, lid fan de ried fan tafersjoch fan de Fryske Akademy. Visser joech dêryn oan dat yn de earste solisitaasjeronde foar de fakatuere fan direkteur gjin geskikte kandidaat fûn is yn Fryslân. Dêrom wurdt yn de twadde ronde ek bûten de provinsje en yn it bûtenlân socht om in topwittenskipper.

Each foar de Fryske mienskip

It Feitsma Fûns skriuwt: "De Fryske Akademy hat alderearst ferlet fan in bestjoerder dy't each hat foar it plak fan it ynstitút yn de Fryske mienskip. It sykjen om in topwittenskipper út it bûtenlân, dêr't yn de media praat fan west hat, liket ús dan ek net de goede prioriteit. Mei it ynheljen fan ien dy't him hielendal ynwurkje moat yn it spesifike karakter fan de Fryske Akademy en earst sels doel krije moat oer hoe't de Akademy syn opdracht wiermeitsje moat, soe it ynstitút in grut risiko rinne."

Bestjoersleden fan it Feitsma Fûns. Dat fûns stipet de Fryske taal. - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It Feitsma Fûns fynt dus dat in nije direkteur goed funksjonearje moatte kin yn de bestjoerlike ferhâldingen yn ús provinsje en ús lân. Neffens it Fûns hat de klam dy't de KNAW op de wittenskiplike kwaliteit lei, net goed west foar de ynbêding fan de Akademy yn de Fryske mienskip.

Bining troch wurkferbannen is fuort

Redbad Veenbaas: "Yn it ferline wurke de Akademy yn ferskate wurkferbannen goed gear mei sneupers en leafhawwers. Dy ferbining is de lêste jierren ferlern gien. Ik wyt net oft wurkferbannen perfoarst de bêste foarm binne, mar dy sterke bân mei de Fryske mienskip moat seker wer werom."

Provinsje moat yngripe

It Fûns wol dêrom dat de kommissaris fan de Kening en it kolleezje yngripe, want de Akademy mist no oanstjoering. Veenbaas is derfan oertsjûge dat der ek yn Fryslân en Nederlân wol gadingmakkers te finen binne dy't de taak fan Akademydirekteur goed ynfolje kinne. "No't de termyn krekt ticht is, kin ik dêr fansels neat oer sizze, mar ik bin der wis fan dat dy der binne."

Earste ronde: gjinien mei in 8+

Sander de Rouwe hat de Fryske Akademy yn portefúlje by de provinsje. Hy stelt it 'kritysk meitinken' fan it Feitsma Fûns en de ûndertekeners fan de petysje op priis. "Yn de earste ronde wiene der kandidaten dy't foldwaande skoarden, mar net ien mei in 8+. Dat is fansels wol wat je wolle: In direkteur dy't goed is foar de wittenskip en ek foar de bân mei Fryslân."

Foto: Omrop Fryslân

Yn 2023 wurdt it plak fan de Akademy op 'e nij foar fiif jier fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. Kommissaris fan de Kening Brok sei ta dat er de petysje fan it Feitsma Fûns trochjaan sil oan de sollisitaasjekommisje, dy't meikoarten te set giet oer de beneaming fan de nije Akademydirekteur.

Gjin twadde kear

De Rouwe: "Litte we mar hoopje dat it dizze kear wol slagget. It kin foarkomme dat in proseduere in kear gjin beneaming opsmyt, mar dat wolle je leaver gjin twadde kear."

(advertinsje)
(advertinsje)