Twa froulju mishannele by dyktimpel op seedyk Marrum: tsjûgen socht

16 sep 2020 - 13:41

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in swiere mishanneling fan twa froulju by Marrum. Dy mishanneling wie op moandeitejûn by de dyktimpel op de seedyk. De fertochte soe om de 25 jier âld wêze. Nei de mishanneling is er op in swarte racefyts yn de rjochting fan Hallum gien.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De mishanneling wie om 19.15 oere hinne. De plysje freget tsjûgen om kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)