Earnewâldster skûtsje wol takom jier yn 'bubbel' foar kampioenskip sile

16 sep 2020 - 15:05

As der takom jier simmer noch hieltyd gjin coronafaksin is, dan kinne skûtsjebemannings yn in eigen 'bubbel' yn karantêne gean en dóchs de wedstriden sile. By de Formule 1 en de Tour de France bart soks ek: wêrom soe it by it SKS skûtsjesilen net kinne? Dat is it idee fan skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld.

SKS Skûtsjesilen by Terherne op de Snitser Mar, fan de pier ôf sjoen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Gerhard Pietersma: "Der binne meardere mooglikheden. Wy as bemanning fan Earnewâld hawwe betocht om yn in bubbel te gean. Teste litte, freed of sneontemoarn oan board gean, en dan ús sels rêde oan board. Der sit in waskmasine en alles oan board, dus wy kinne ús rêde. Je moatte gewoan 14 dagen oan board bliuwe, sels it iten regelje. Je hoege net oan wâl te gean. Fuotballers, de Formule 1, de Tour de France, alles sit yn in bubbel. Dit soe foar it skûtsjesilen ek in mooglikheid wêze."

Taskôgers

De takôgers foarmje wer in oar ferhaal, neffens Pietersma. "Wy as bemanning binne ferantwurdlik foar it silen, net foar it publyk. It publyk yn boatsjes sit al 1,5 meter útinoar. Foar op de wâl soest it ôfsette kinne sa't minsken der net komme meie, dat kin mei in Algemene Plaatselijke Verordening."

De skûtsjeskipper wol mei de bemanning in plan opstelle. "Dit wolle wy ek toetse litte troch de Veiligheidsregio, en dan sjen hoe fier oft de rest wol. Ek al dogge der mar seis mei, dan wurdt der yn elts gefal syld. De rest moat it fansels ek wolle, ik wit net hoe't sy der oer tinke, mar dit is yn elts gefal in wize."

Skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld

It SKS Skûtsjesilen op De Lemmer yn 2019 - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mar hoe tinke oare skippers deroer? Auke de Groot fan de Súdwesthoeke: "It is fansels moai dat der oer neitocht wurdt", jout er oan. "Dat moat ek, want net ien wol takom jier wer mei de earms oer inoar sitte en net sile."

"Wat te maklik oer ferantwurdlikens stapt"

Dochs sjocht De Groot dit plan noch net sitten. "Der wurdt wol wat maklik oer it punt hinne stapt dat wy net ferantwurdlik binne foar it publyk. Ik sit ek yn it SKS-bestjoer. Lêst ha we besocht in jubileumwedstriid te hâlden. Der ha ferskate gearkomsten west mei oerheden, mar de ferantwurdlikens foar it publyk leit wol foar de organisearjende kommisje. Dus dêr sil wol wat foar betocht wurde moatte. Op it iene plak is it makliker om publyk te kearen as op it oare plak."

Boppedat fergrieme je ek wat in fakânsjeperioade, seit De Groot. "Ik sit mei trije leden fan myn húshâlding oan board. It is ek ús fakânsje. Om ús no twa fan dy trije wiken fakânsje hielendal bûten te sluten, tsja. Dat is dreech om allegearre te organisearjen. It is wat koart troch de bocht. Je kinne it neffens my ek net ferlykje mei de Tour de France, Formule 1 en fuortballers. Want dat binne minsken dy't it foar harren berop dogge. Mar foar ús is it hobby."

Skipper Auke de Groot van de Súdwesthoeke

(advertinsje)
(advertinsje)