Krityk op Ljouwerter gemeenteried: "Gjin fisy op kultuer"

16 sep 2020 - 12:25

De gemeenteried fan Ljouwert praat behâldend en fisyleas oer it nije kultuerbelied. Dat binne lûden út de kulturele wrâld. De ried beslút woansdeitejûn hoe ambisjeus oft se de takomst kultureel sjoen yn wol. De kultuer is de lêste jierren opbloeid troch Kulturele Haadstêd, mar dochs is de basis yn de gemeente net op oarder.

Sa komme stedsskouboarch De Harmonie en poppoadium Neushoorn struktureel jild tekoart. Tagelyk fielt de gemeente druk om de neilittenskip fan kulturele haadstêd net ferdampe te litten en dêr is ek ekstra jild foar nedich, mar dat wurdt in swiere dobber. Lykas in soad oare gemeenten hat Ljouwert it finansjeel dreech. De gemeenteried moat kieze út trije senario's: litte sa as it is, de basis op oarder of ek noch gean foar de neilittenskip fan kulturele haadstêd.

Earst Hippo, doe Romein en no Neushoorn

De diskusje yn de gemeenteried docht Oeds Westerhof tinken oan de film Groundhog Day. Westerhof wie belutsen by Kulturele Haadstêd en rint boppedat al hiel wat jierren mei yn de Fryske kultuerwrâld.

"It is eltse kear wer deselde diskusje: earst mei Hippo, doe mei Romein en no mei Neushoorn en it jildt ek foar De Harmonie. Der is krekt te min jild om goed funksjonearje te kinnen en de ried hat der net mear jild foar oer. Dat is skande, want der is in soad jild yn ynvestearre. Der soe diskusjearre wurde moatte oer hoe't we dizze plakken sa goed mooglik brûke kinne yn plak fan de jildpine. Ik hoopje dat de gemeenteried dizze diskusje no einlik ris trochbrekke kin."

Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Kultuer bepaalt de ynwenners

Sjoerd Bootsma, ien fan de grûnlizzers fan Kulturele Haadstêd 2018, fynt dat de diskusje yn de gemeenteried oer kultuer hiel praktysk fierd wurdt. "Wat kunnen we betalen? Dan gaan we dat doen. De discussie zou veel meer moeten gaan over welke stad we over tien jaar willen zijn. De cultuur van de stad bepaalt ook of mensen hier willen wonen. Zo is er een huisartsentekort in Leeuwarden. Gaat een huisarts zich vestigen in Leeuwarden of Groningen? En kiezen studenten voor Groningen, Zwolle of toch Leeuwarden?"

Oeds Westerhof fynt dat der de lêste jierren in soad berikt is yn Ljouwert en yn Fryslân. "Der giet ryksjild nei VHDG, We the North, Welcome to the Village, fansels Tryater wer, it Fries Museum en CityProms." Mar dat giet net fanselssprekkend, tinkt Westerhof. "De gemeente, mar ek de provinsje trouwens, moatte trochgean mei ynvestearjen om ek yn de takomst nasjonaal relevant sjoen te wurden."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy

(advertinsje)
(advertinsje)