Minister Sander Dekker op besite by de finzenis fan Ljouwert

16 sep 2020 - 10:34

Minister Dekker foar Rjochtsbeskerming hat tiisdeitejûn del west yn de finzenis yn Ljouwert. Dat die er nei de aktiviteiten foar Prinsjesdag yn Den Haag. Dekker krige yn Ljouwert in koarte rûnlieding en liet him byprate oer de ôfdieling foar swiere kriminelen.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De ôfdieling AIT (Afdeling Intensief Toezicht) is sûnt in heal jier yn gebrûk yn de Ljouwerter finzenis en is bedoeld foar finzenen dy't ekstra tafersjoch en befeiliging nedich hawwe. Der is plak foar tolve swiere kriminelen.

Earder koene dy finzenen allinnich yn Vught te plak. Mei de romte yn Ljouwert is der mear mooglikheid om risikofolle detinearden te pleatsen en sprieden.

(advertinsje)
(advertinsje)