RIVM wreidet út: no yn hiel Nederlân rioelwetterûndersyk nei corona

16 sep 2020 - 10:24

Rioelwetter wurdt tenei yn hiel Nederlân ûndersocht op it coronafirus. It RIVM peilt op goed trijehûndert mjitpunten by rioelwettersuverings hoefolle firusdieltsjes oft der yn it wetter sitte. Dat jout in byld fan de fersprieding fan it firus.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn april begûn it RIVM-ûndersyk op tweitich plakken. Dêrnei waard it útwreide nei tachtich mjitpunten.

Wykliks

It ûndersyk is in stekproef. It bart net kontinu, mar der wurdt ien kear wyks sjoen yn wetter dat yn 24 oeren tiid sammele is. Boppedat hawwe net alle minsken dy't Covid-19 ûnder de lea hawwe, firusdieltsjes yn harren ûntlêsting. It RIVM wurket noch oan in bettere dekking fan it ûndersyk.

Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân makke twa moanne ferlyn ek al bekend dat se by tsien rioelwettersuveringen it ôffalwetter kontrolearje op spoaren fan it coronafirus. Dat binne njonken Ljouwert, Frjentsjer, Harns en Skylge, ek de suveringen by De Jouwer, De Gordyk, Warns, Drachten en Damwâld by. Yn hiel Fryslân binne 27 suveringen.

Hans de Vries fan Wetterskip Fryslân oer it testen fan rioelwetter

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en foar elke gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

Trefwurden: 
RIVM rioel coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)