ChristenUnie wol mear jild nei Noard-Nederlân

16 sep 2020 - 10:16

Fraksjefoarsitter Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie wol mear jild nei Noard-Nederlân. Hy hat bekendmakke dat syn partij ynkoarten in perspektyfplan presintearret foar it Noarden. Konkreet soene der hûnderten miljoenen út it Europeeske Just Transition Fund nei it Noarden moatte, sa fynt de partij.

Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie - Foto: ANP

Neffens de ChristenUnie foarmet it Noarden faak de regio dêr't de finansjele klappen falle. Hy neamt Grinslân as foarbyld, dêr't in soad skea troch de gaswinning is. Dêr moat ek in plan komme foar geestlike foarsoarging foar minsken dy't skea oprûn hawwe troch de gaswinning. Segers fynt dat de noardlike regio koprinner wurde moat as it giet om de omslach nei duorsume ernerzjy.

(advertinsje)
(advertinsje)