De bou fan de nije Ljouwerter feemerk set útein: maatwurk op De Hemrik

16 sep 2020 - 10:15

De bou fan in nij plak foar de feemerk yn Ljouwert kin lang om let úteinsette. Stichting Veehandel Noord-Nederland hierde altyd romte by it WTC Expo, mar der moast in nije lokaasje socht wurde. De feemerk sil nei in fernijd pân oan de Siriusweg oan de eastkant fan bedriuweterrein De Hemrik. Foar de bou is 3,5 miljoen euro nedich en yn de maitiid fan 2021 moat de feemerk klear wêze.

Andries Kingma fan de stichting is der oer te sprekken dat de bou sa fluch giet. "Wy hiene net tocht dat it sa rap gean soe mei de bou, miskien sit de 40ste peal der al yn. Se binne no dwaande mei in hal foar de besteande hal. Dy is 2.000 kante meter, mar dat is te lyts foar it fee dat wy hjir krije. Dus der komt in 1.000 kante meter by, sa't it fee lost wurde kin. Dat wurdt op in moderne wize ynrjochte, dat is goed foar de bisten en minsken."

Ynrjochtsje op maat

Earder siet der op it plak oan de Siriusweg in oar bedriuw. "Hjir hat in distribúsjesintrum yn sitten foar moal, wy geane dêr eins mei fierder. Dan net mei moal, mar mei de distribúsje fan bisten." It is neffens Kingma aanst in better plak as de âlde lokaasje. "It is grutter, mar eins wichtiger: it is praktysker. Fan 1963 ôf siet de merk al by it WTC. Dêr moasten wy ús hieltyd oanpasse, mar hjir hoecht dat minder. Wy kinne it hielendal foar ús sels ynrjochte, bygelyks mei klimaatbehearsking. Wy kinne der allegearre oanpassingen dwaan."

100.000 bisten it jier

Ek foar it bistewolwêzen is dat wichtich, want der komme alle jierren in soad. "Op jierbasis hawwe hjir sa'n 100.000 bisten. Skiep, kij en keallen," seit Kingma. "Hjir komme in soad feehannelers út Fryslân, Drinte en Grinslân, it fee dêrwei giet oer hiel Nederlân, mar wy binne ek in Europeesk sammelplak sa't wy wer wat mear ôfset hawwe kinne."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Andries Kingma fan Stichting Veehandel Noord-Nederland

Mear ynkomsten foar de feehâlder

Henk Bleker, de foarsitter fan belangebehertiger Vee & Logistiek, fynt it wichtich dat der in feemerk yn Fryslân bliuwt. "Er wordt vaak gezegd dat de veehouder meer grip moet hebben op de afzet, ze moeten niet afhankelijk zijn van één afnemer, er moeten meerdere afzetkanalen zijn. Via zo'n veemarkt wordt dat georganiseerd, hier zijn meerdere opkopers en aanbieders. Dan gaat de markt functioneren," sa seit Bleker. Neffens him leveret de feemerk foar de Nederlânske melkfeehâlders tusken de 800 en 1.400 euro ekstra ynkomsten, om't se op in feemerk in bettere priis krije kinne.

Fisy

Bettere foarsjenningen binne in grut diel fan it plan foar de feemerk. "Het wordt een veemarkt 3.0, met de beste voorzieningen als het gaat om de welvaart van dieren, maar ook op het gebied van hygiëne. Dit gaat één van de meest moderne veemarkten van Europa gaat worden," fertelt Bleker. Dit wurdt ek sein troch Andries Kingma, dy't it brûken fan wetter as foarbyld nimt. "Wy binne fansels in soad wetter nedich, foar de bisten mar ek foar it skjinmeitsjen, foar it reinigjen en ûntsmetten. Wy dogge ús bêst om dat wetter wer te filterjen en te suverjen sa't it wer skjin yn it rioel komt. Dat sil hjir barre."

Yn de maitiid fan 2021 sil de feemerk klear foar gebrûk wêze.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Andries Kingma fan Stichting Veehandel Noord-Nederland en Henk Bleker fan Vee & Logistiek

(advertinsje)
(advertinsje)