Kollum: "Fraachtekens"

16 sep 2020 - 08:42

"Ik haw fan 'e moarn wat fraachjes. Dat is foar it oare neat oars as ferbergje dat ik it oer ferskate saken hawwe wol.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Fraach ien: wêrom krije al dy FNP'ers, en ek guon oare minsken, der sa'n wip yn de angel fan dat der Frysktalige plaknammen op guon buorden by set wurde yn Noardeast-Fryslân. As in doarp it net wol, om't se te ticht by Grinslân lizze of sa, dan hoecht dat wer net. As je fan sók heal belied sá oeral reitsje.

It is krekt as yndertiid by Frysk ferplicht op skoalle. Heu heu. Ja, de eilannen, de Stellingwerven, It Bilt, Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en oare plakken dêr't se wat krûm prate, dêr hoegde it net. Prima. Mar dan moatte djipFriezen net heu roppe, want sy hawwe neat berikt. Boppedat wurdt it Frysk echt net better as der De Lytse Jouwer op it boerd stiet en net ien kin it lêze.

Dêrút ûntstie fraach twa. Hoe soe it komme mei it Frysk yn de Ljouwerter Krante as De Telegraaf it dêr foar it sizzen krijt. Ik tink dat sy har dat op de redaksje fan de Ljouwerter ek yn it sin brocht hawwe. Ik lies teminsten sneon in ynterview fan Ton van der Laan mei de Fryske baas fan de partij Forum, Maarten Goudzwaard. Dy hie in soad te sizzen en dat kaam allegear yn moai geef Frysk yn de krante. Dat hawwe de measte redakteuren dêr noait dien. In wapen yn de ûnderhannelingsstriid oer redaksjonele frijheid yn it brûken fan it Frysk tink ik.

Fraach trije. Wat dogge wy no mei al dy huzen dy't no sluten wurde troch boargemasters fanwege drugs. Benammen Oebele Brouwer sit noch folop yn syn âlde wurk, hy rûkt wat en slút fuortendaalks. En it hûs, wat bart dêrmei? Ik tink dat der dit jier sa'n 75 drugshuzen yn Fryslân leech komme te stean. Mar wy hawwe dochs wenningneed yn dit lân. Rûkt it te bot yn dy hûzen, dat der net ien yn kin? Slút sa'n hûs en set der in pear starters yn.

Fraach fjouwer. Wêrom komme de politisy yn Fryslân net yn it gewear tsjin de fleanbasis. Dei oan dei fertelle de omwenners op in lûdshinderapp ús, en harren dus ek, dat de F35 echt in kear safolle lûd feroarsaket as de F16. En dy wie al lûd genôch. Boppedat hat ûndersyk útwiisd dat de F35's foar Amerikanen net iens te beteljen binne om se yn de loft te hâlden, hoe soene wy dat wol kinne. Ik wit wol dat politisy dy't ea de bek dêroer iepen diene tsjin in stienhurde doar oanrinne. Mar lit yn elts gefal hearre dat dit net de ôfspraken wiene dêr't jimme yndertiid akkoart mei gien binne. Jimme stilte is ferskuorrend.

Fraach fiif. Ik lies dat it wetterskip no ûndersykje sil oft it wol goed is om it wetter yn de sleatten wat heger te dwaan. Hoe is it mooglik, sokke ûndersiken hawwe al lang west en bewize dat heger wetter better is. De fraach is wêrom't it wetterskip it dan wer oerdocht. Om't sy in oar andert hawwe wolle, mar ek om't sy dêr o sa graach tefolle jild útjouwe. Sy smoare no al yn ús stront. En sy hawwe gjin sinten mear om húskepapier te keapjen. Sla dan sa'n ûndersyk ek mar oer, it hat gjin inkeld doel.

Fraach seis. Wêrom docht de GGD yn Fryslân alles oars en blykber ek better as de oare GGD's yn Nederlân. Hawwe se dêr ek gjin ienriedich belied? Miskien om't Lutz Jacobi dêr de baas west hat? It is fansels wol lekker dat it yn Fryslân allegear wat rapper giet as earne oars. En as je dochs mei de sifers oan de slach binne, dan docht gewoan bliken dat de hiele corona hjir folle minder wie, mar dat wy yn de fakânsjetiid in wat gruttere oanslach krigen om't hjir safolle Hollanners en Dútsers kamen om fakânsje te fieren en om't der sels yn Fryslân noch genôch dwazen binne dy't dochs nei it bûtenlân geane.

Hea, no set ik ynienen in stek om Fryslân hinne. Dat mei net, sei de kening juster. Wy moat it mei-inoar dwaan. Want oars komme je net fierder as Fryske plaknammebuorden."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)