Veenstra sjocht noch gjin kâns op strukturele ferbettering foar gemeenten

16 sep 2020 - 08:24

Foarsitter Fred Veenstra fan de Vereniging van Friese Gemeenten is kritysk op de kabinetsplannen dy't bekend wurden binne. "Wat my opfoel is dat it wurd gemeente mar ien kear fallen is yn de Troanrede. Dat is beheind. Der is inkeld sprutsen oer 800 miljoen euro foar gemeenten. Dat wie al bekend en is bedoeld foar it dekken fan ekstra kosten fan de coronamaatregels. Moai dat dat bedrach neamd is, mar it biedt gjin perspektyf op in strukturele ferbettering foar gemeenten."

Foto: De Fryske Marren

Begryp hat Veenstra ek wol: "Wy moatte rekken hâlde mei swiere ekonomyske omstannichheden, it Ryk hat fansels ek in begruttingstekoart." Mar dochs, neffens him soe der jild by moatte foar gemeenten. "Gemeenten krije it dreech. As je sjogge nei de jierrekkens fan gemeenten. Yn 2018 hiene alle gemeenten byinoar 197 miljoen tekoart, yn 2019 wie dat al oprûn oant 768 miljoen tekoart. Dus it giet net de goeie kant op. Wy moatte der by it Ryk hieltyd wer op oantrúnje. Der moat mear jild yn it Gemeentefûns, want oars komt it net goed mei de begruttingen fan de gemeenten. Ek yn Fryslân net."

Jongereinsoarch: struktureel jild nedich

Der giet 300 miljoen euro nei de jongereinsoarch, dat is in lanlik bedrach dat foar 2022 beskikber komt. It klinkt as in flink bedrach, mar neffens Veenstra falt dat noch ôf. "De gemeenten hawwe in soad ekstra kosten foar de jongereinsoarch sûnt wy dat nei 2015 allegearre sels dwaan moatte. Aldergeloks hat it Ryk foar de jierren 2019-2020-2021 ekstra jild beskikber steld. No komt dat ek foar 2022, mar wy wachtsje noch hieltyd op strukturele middels om te soargjen dat wy it foar de lange termyn goed dwaan kinne. Wat nei 2022 barre moat, stiet noch iepen. Der moat in ûndersyk komme, der komt fansels in nij kabinet dêr't wy as gemeenten mei ûnderhanneleje moatte. Dit is in moaie earste stap, mar it moat wol struktureel wurde."

Fred Veenstra fan de Vereniging van Friese Gemeenten

Ellen van Selm - Foto: Gemeente Opsterlân

Boargemaster Ellen van Selm, foarsitter fan plattelânsgemeenten yn de P10, is oer it algemien wol bliid mei de Troanrede. "Ik ben natuurlijk gespitst op het platteland, gemeenten en de regio. Maar eigenlijk vond ik het een hele verbindende Troonrede. Ik was blij dat de Koning aandacht gaf aan de jeugd, dat vind ik te prijzen. Maar de dag voor Prinsjesdag hebben wij als 22 grote plattelandsgemeenten, met nog eens 60 aangesloten gemeenten, met het kabinet gesproken."

Dochs is sy it ek mei Veenstra iens dat der struktureel te min jild foar gemeenten is. "Wij doen een beroep op het kabinet om daar oog voor te hebben en er structureel geld bij te doen. In deze Miljoenennota zitten een aantal structurele middelen waar ook het platteland ook beter van kan worden. Bijvoorbeeld de bestrijding van ondermijnende criminaliteit, maar ook het onderwijs. Dat zijn goede tekenen."

"Gemeentefûns moat grutter"

Mar kanttekeningen binne der ek. "Wat er aan zit te komen is een soort herschikking van het Gemeentefonds, dus het geld uit Den Haag gaan we anders verdelen. Het oude model klopte niet. Maar nu lijkt het er op dat er meer geld naar de steden gaat en minder naar het platteland. Daarom heb ik ook aan de bel getrokken, want dat moet natuurlijk niet zo zijn. Het hele Gemeentefonds moet groter. Het moet niet lijken alsof wij op het gemeentehuis geld nodig hebben. We vragen het omdat de mensen die zorg nodig hebben bij ons aan het loket staan. Dus het gaat om de inwoners. Dus we moeten ervoor zorgen dat we de taken uit kunnen voeren. Er zijn wel maatregelen, maar het structurele probleem wordt nog niet opgelost."

Boargemaster Ellen van Selm, foarsitter fan de P10

(advertinsje)
(advertinsje)