Iepening lanlike eksposysje mei oarlochsfoto's: ek sân Fryske foto's

16 sep 2020 - 07:06

Steatssekretaris Paul Blokhuis en âld-Twadde Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet iepenje woansdeitejûn yn Verzetsmuseum Amsterdam in eksposysje: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. By dy 100 foto's sitte ek 7 foto's út Fryslân.

Leden fan de Nederlandse Arbeidsdienst by Warkum - Foto: Fries Verzetsmuseum

Alle Fryske foto's binne earder publisearre yn ús rige De oarloch yn Fryske foto's, dy ferhalen binne op dit plak werom te finen.

Johan Steendam fan Tresoar wie by de seleksje fan de foto's belutsen: "Dizze tentoanstelling is hiel bysûnder om't it materiaal ynbrocht is troch partikulieren. En der hat in publykssjuery west dy't in seleksje makke hat. Dy sjuery kaam byinoar yn Wageningen, ik wie dêr ek by. Ut 600 foto's hawwe wy 100 foto's selektearre. Wy hawwe der de hiele dei mei dwaande west. Wy mochten der stickers op plakke en nei in soad seleksjerûnten koene wy op 100 útkomme. Dêr sit ek nij materiaal by: nije bylden dy't earder noch net publyk te sjen wiene."

Nije bylden fan razzia's

Der binne ek moaie Fryske foto's by, seit Steendam. "Wat ik sels wol in bysûndere Fryske foto fyn is in begraffenis fan in Ingelske fleaner op Skiermûntseach, mei alle militêre eare. Ik bin sels histoarikus, dus guon foto's werkende ik wol út boeken. Mar wy seagen ek twa foto's út Zwolle en Arnhem fan razzia's. Dat is wol hiel bysûnder, want bûten foto's út Amsterdam en in filmke fan Ljouwert is der suver gjin byld bekend fan razzia's."

Fries Verzetsmuseum

In grut fysyk feest is der lykwols net. "De iepening fan de tentoanstelling is firtueel, want it binne tiden fan corona. Mar sa is der dochs gelegenheid om te foto's sjen te litten. De 50 Fryske foto's binne ek te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert."

Johan Steendam fan Tresoar

(advertinsje)
(advertinsje)