Fiskers hearre ûnferklearbere plof yn it wetter by Bakboord yn Drachten

16 sep 2020 - 06:28

Oan de Bakboord yn Drachten moat tiisdeitejûn in nuvere plof west hawwe yn it wetter. Twa fiskers hearden om 22.20 hinne in knal, dêrnei kleure de loft oranje. Doe't de fiskers in lyts oere letter guod yn it wetter driuwe seagen, hawwe sy de plysje belle.

Foto: De Vries Media

De plysje hat mei in boat it wetter op west en fûn in grutte doaze, dy't nei de wâl brocht is foar ûndersyk. By it Diepe Gat en it Opeinderkanaal hat de plysje neat oantroffen wat mei in eksploazje te krijen hawwe kin. Wat der dus krekt oan de hân wie, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Drachten wetter Bakboord plof
(advertinsje)
(advertinsje)