Frou ferwûne nei mooglik stekynsidint oan Couperinstrjitte yn Ljouwert

16 sep 2020 - 06:15

Oan de Couperinstrjitte yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei mooglik in stekynsidint west. In frou rekke by de stekpartij ferwûne. It slachtoffer is troch ambulânsepersoniel behannele en moast nei it sikehûs. Der binne letter yn de nacht in man en in frou oanholden dy't wat mei it ynsidint te krijen hawwe soene.

Foto: AS Media

It is lykwols net bekend wat der krekt allegearre bard is. De plysje docht ûndersyk nei dizze saak.

(advertinsje)
(advertinsje)